OP ZOEK NAAR ROOTS - 60


Myn heit koe altyd lekker ite. It wie in gesûn mantsje. Wy koenen as jonges hast net tsjin heit op as wy oan de tafel sieten. Hy koe der wat mei en der wie eins neat wat heit fan ûnpas kaam. Yn 'e oarlochstiid hie mem ris 'stamppot' makke. It wie woartels tink ik, of miskien koalrapen of swiete apels yn 'e pot. Ik wit noch wol dat de stamppot gleonhjit wie en dat it bûten frear dat it kreake. Heit hie goed sin oan iten en wy ek. It wie jûntiid en tsjuster. Heit skepte in grau poarsje op, draide der in kûltsje yn foar it spekfet en soe ite want it like goed. Mar it wie fiersten te hiet. Heit fûtere wat, probearre it nochris, mar koe it net daaie. Wist wat, sei heit, ik set it eefkes bûten op 'e stoepe om wat ôf te kuoljen. Dit is sa net te iten. Wy sieten ek te blazen foar eltse hap, mar it gie wol. Heit nei in skoftke wer nei bûten om syn poarsje 'stamppot' en doe't hy de doar iepen stie stode in grauwe hûn fan de stoepe ôf en skeat fuort. Heit pakte syn panne, seach ris nei de dampjende stamppot en sei: ik tink net dat hy der oan west hat. It sil him ek wol te hiet west ha. Heit hat syn panne lekker leech makke, it smakke heit tige bêst en der is him neat fan oerkaam. Yn dy selde oarloch hat heit in swier ûngelok hân by it molkfabryk doe't hy 7 meter nei ûnderen keldere en syn heupe bruts en ek in skouder. Letter mocht heit wol wer wat licht wurk dwaan en hat doe in pear jier rekkentsjes rûn foar fa. J.G. van der Werf Siedhannel op 't Fean, skean tsjinoer ús. Heit kaam doe by in protte minsken, foaral boeren, oer de flier. Sa kaam hy in kear by minsken krekt nei iterstiid.

Heit hie de hiele moarn al by de streek west en hie wol sin oan it ien of oare, tink ik. De frou liet heit deryn en sei: 'Sjoch mar net nei de smoarge tafel. Wy ha krekt it iten op. De brut stiet der noch en ik moat it strak noch ôfwaskje.' It wie wat in rûch gesin. Der stie in skaal mei wat oerbleaune stoofparren op 'e tafel, en sy sei: 'Wy ha stoofparren hân en de manlju ha der lekker fan iten'. 'Stoofparren', sei heit, jonge noch ris ta, dat is ek hearlik iten'. 'O, meie jo dy ek wol?, frege de frou. 'Ja', sei heit, 'dy smeitsje altyd lekker'. 'Wel man, as jo sa graach parren meie, dan krije jo wat parren fan my'. Heit sei gau fan: 'Nee, minske, dat hoecht net, sa bedoelde ik dat net'. Hy seach de smoarge tafel wol en it wie in smoarge húshâlding, dat dat like heit net goed ta. Mar de frou woe heit parren ta ha. Sy sei: 'Hjir man, gjin mar gau sitten', en sy pakte in smoarch board fan ien fan dy selden dy't se krekt brûkt hienen mei de sûpenbrij noch op 'e râne, sette dy flak foar heit op 'e tafel, skepte him fol mei kâlde stoofparren, en raamde in smoarge leppel en fage dy in bytsje ôf mei de punt fan de smoarge skelk en sei: 'Hjir, man, yt se mar lekker op'. Heit hat se opiten, mar hy sil wolris tocht ha 'Wat ha'k no úthelle'. De frou wie bliid dat se heit in gunst dwaan koe. Wy ha der wol gauris om lake as heit dat fertelde en it kaam altyd eefkes ter sprake as wy thús ris stoofparren út skjinne boarden krigen. Sy bedoelde it goed en sy wie golhertich en rom. Ik wit net mear wa as dy minsken wienen.

'k Ha lêstendeis de namme fan Marten Haijema ris neamd yn dat stukje oer âlde Bonne van Schepen. Ik neamde doe Marten en sei dat hy famylje wie, ensf. fan dizze Bonne. Marten wennet yn Assen en is sels in tûke útsiker fan stambeammen. Doe't hy syn namme seach wie hy wol wat fereale, skreau hy, mar do bist mis, Jelle. Dat wie net dizze Marten want dy libbet noch, mar it wie myn neef Marten Jans Haijema. No't ik der dochs mei oan 't wurk bin gean ik dêr hjoed wat op troch. Marten Alberts Haijema (1928-) út Assen is in soan fan Albert en Trien út Stynsgea. Hy is troud mei Gelske Velda út e' Ham. Hy hie dus sjoen dat ik de woartels fan syn stambeam wat fertieze hie en dat sil ik no wat rjocht sette. Marten Jans Haijema (1924-1987) wie in soan fan Jan Martens Haijema (1899-1967) en Antje Bonnes van Schepen (1900-1968). Dizze Jan wie in broer fan Marten út Assen syn heit Albert. Beide wienen soannen fan Marten Jans Haijema 1870-1937) en Jantje Alberts van der Kooij ( 1868-1941). Jantje wie in dochter fan Albert Jacobs van der Kooij (1847-1917) en Maaike Wiegers van Dijk (1846-1922) en Maaike wie in dochter fan Wieger Jans van Dijk (1816-1891) en Sophia Hendriks Oostinga (1813-1882). Wieger wie in soan fan Jan van Dijk (1780-1849) en Joukje Waatzes Nicolai (1790-1879) in neisaat fan Dû. Atzo Nicolai fan 'e Ham. En dus famylje fan myn heit en mem dy't ek alle twa oan dy dûmny ferbûn binne, lyk as safolle oaren. It GENEALOGYSK JIERBOEK 2001, útjûn troch de Fryske Akademy, fertelt der mear oer. Noch efkes werom nei Antje van Schepen. Sy wie ien fan it grutte gesin fan Bonne en Stientsje. Ien fan de susters wie Ybeltsje dy't troud wie mei de ferver Harm van der Naald dy't nei Chicago gien binne. In oare suster wie Tjitske dy't troude mei Tinus de Haan, de âlden fan Lippe myn freon yn Canada. En in oare suster wie troud mei Berend Hartholt, en Riemkje wie troud mei Albert Hartholt, broer fan Berend.Der wie ek in broer dy't nei Canada gien is, nammentlik Hendrik van Schepen dy't troud wie mei Dieuwke Nobach, dochter fan Ype Nobach en Aukje Tjoelker. Oer de Nobach's en Tjoelker's koe ik wol wat mear fertelle. Miskien letter noch wol ris.

Jelle yn Kanada