OP ZOEK NAAR ROOTS - 61


In protte fan de psalm-ferskes dy't ik froeger as jonkje leard ha op skoalle, of yn tsjerke, of thús, bin ik gelokkich noch net fergetten, sels net nei 45 jier yn Canada wêr't wy se eins nea mear brûke. Ik sjong se noch wol ris as ik yn myn truckje ryd of yn 'e tún omskrep, of as ik allinne bin. Sa kaam my lêstendeis it ferske yn't sin dat seit:
'Gedenk, o Heer, hoe zwak ik ben, hoe kort van duur!
Het leven is in damp, de dood wenkt ieder uur...'

Dat wie ien fan dy moaie ferskes út psalm 89. It kaam sa om't myn broer Rinze my wat kranteknipsels tastjoerd hie oer it libben en ferstjerren fan Rink van der Velde, de Fryske skriuwer. Ik hie it ek al sjoen op it Internet doe't ik de Ljouwerter Krante efkes neiseach. Dat kin ik hjir eltse dei moai dwaan. Ik stie fersteld hoefolle boeken dizze frije, Fryske mulo-kammeraat skreaun hat.

Dat skriuwen siet der al jong yn. Ja, Rink en ik sieten yn deselde klasse op de Kristlike Mulo yn Drachten. Hy stuts in bytsje boppe alle jonges út mei syn lingte - lyk as kening Saul yn 'e Bibel - mar ek mei syn skitterjend bosk reade hier fol mei krollen. Rink wie in jier âlder as wy, mar wy sieten by mekoar yn in klasse fan oars net as jonges: 47 fan dy mantsjes fan sa'n 13 à 14 jier. 'L'âge sans pitié', sei ien learaar ris tsjin ús op de kweekskoalle. De leeftyd sûnder genede. Dat wie eins ek wol in bytsje sa. In protte jonges joegen nearne om en woenen allinne mar wille ha. Studearje wie der net by, dat wie foar oaren. En dan ek noch wol oars net as jonges. Net eltse learaar koe oarder hâlde yn sa'n grutte klasse mei fakentiids noch al ûnwillige studinten. Dochs stean ik fersteld dat der út dat lytse leger fan dogenieten masters, sakelju, âlderlingen, haden fan skoallen, boekhâlders, neam mar op, kommen binne. Op in kear hie ien fan dy knapen de hiele klasse yn dusoarder. Menear Ketting joech les, mar ûnderwilens dienen in protte fan dy jonges dingen dy't neat mei Dútsk te meitsjen hienen, en dy iene knaap foaral net. Hy hie in sigaret-oanstekker mei benzine deryn en siet der wat mei te boartsjen. Eefkes oan, wer út, wer oan, ... Hy die dat stikem yn syn fak fansels, mar der siet papier en ek wat skriften yn. Ik tink dat hy efkes in tipke fan it papier probearje woe, hoe ek, ynienen sprong hy oerein, flammen sloegen út it fak, de hiele klasse wurde oerémis, elk sprong út syn bank, in protte gerop en mâltjirgjen ... en boppe alles út de machtige stim fan de ynwite menear Ketting: Stilte! Stilte! Gelokkich kaam der fierder neat fan. Dy earme jonge rôp oars net as: 'It kaam per ûngelok, wier, it wie in ûngelokje, ik koe it net helpe!' Menear Draijer, ús haad, kaam ek al op it lawaai ôf. It wurde letter wol wer stil fansels. It wie noch mar krekt bard en Rink wie al drok oan it skriuwen oer dizze 'grutte' ramp! Hy hat der in pracht ferhaal fan makke wat in dei of wat letter yn ús klasse-krantsje te lêzen stie. Dat krantsje wurde hielendal skreaun mei de penne. Miskien wie dat Rink syn earste ferhaal wol. Letter hearden wy dat menear Ketting der tige wiis mei wie want Rink beskreau him as in 'rots yn de brâning', as in 'generaal yn it fjoer fan it gefjocht'.
Ien fan dy 47 knapen wie Geert van der Heide út Oerterp. Dat wie ek sa'n pracht figuer. In beste jonge oars.

No wol it krekt sa rinne dat hjir by ús yn Canada in hiele soad neven en nichten fan Geert wenje. Keppels! Ik fûn lêstendeis út dat Geert in neef is fan dizze takken hjir by ús. De famylje van der Heide komt fan âlds eins út Boelensloane en fan de Feansterheide. Derom sit der hjoed-de-dei noch in protte fan dat folk op 't Fean en ek yn Boelensloane.

Geert (1931-) wie boekhâlder, ljeau ik, hy wennet noch yn Oerterp, en is troud mei Rigtje Dijkstra (1933-). Geert is in soan fan Harm Geerts van der Heide (1902-1983) en Korneliske Varwijk (1908-1998). Harm wie in soan fan Geert Jacobs van der Heide (1872-1952) en Hendrikje Harms Mulder (1872-1956). Ien fan de dochters fan dizze minsken wennet yn Canada en is no 96 jier. Dat is Doetje (1905-) dy't troud wie mei Eelke Douwes de Jong. Hjir wenne froeger ek in Wietske van der Heide (1907-1997), ek in dochter van Geert en Hendrikje. Sy wie troud mei Andries Geertsma (1907-1981).

Dy Hendrikje wie in dochter fan Harm Hendriks Mulder en Trijntje Rinzes Bosma.

Hendrikje har man, Geert wie in soan fan Jacob Geerts van der Heide (1844-1914) en Doetje Jans Veenstra (1842-1900). Dizze Jacob wie in soan fan Geert Johannes van der Heide (1821-1893) en Jacobje Jacobs van der Sluis (1820-1861). Geert wie in soan fan Johannes Sjoerds van der Heide (1795-1875) en Jantje Geerts Bakker (1792-1860). Dizze Jantje hie in broer Ytzen Geerts Bakker. Der is hiel wat bekend oer dizze Ytzen. Dizze man wenne tegearre mei in skieden frou, Maria Elizabeth Jans Drost. Sy wennen op de Trije Roede, en krigen 5 bern dy't alle 5 in de omkriten fan it Fean hingjen bleaun binne. In protte Feansters stamme ôf fan dizze fiif bern: Geert Drost (1846-1896) troude mei Hiske Johannes Kramer (1844-1903), dat wie ús Hiske-muoi, suster fan myn oerbeppe. Dan wie der in Jantje Drost (1849-1928) dy't troud wie mei Sas van der Velde (1847-1932). Dernei kaam Wietske Drost (1856-1941) dy't troude mei Jan Ridzerds Elzinga (1852-1908). Dan kaam Janna Drost (1856-1941) dy't de frou wie fan Sake Ridzerds Elzinga (1855-1944), en de fiifde wie Froukje Drost (1857-1938) dy't troude mei Anne Jaspers Pool (1857-1942). En sa binne wy dus wer op it Fean terjochte kaam.

Jelle yn Kanada