OP ZOEK NAAR ROOTS - 63


In pear jier lyn wie ik ris yn Fryslân en gie op in sneintemoarn nei de Griff. Tsjerke yn 't Fean. Dû. Jansen preke oer de fêstichheid fan it ljeauwe en hoe't Kristus, ús Anker, ús fêst hâldt, foaral yn de grutte stoarmen yn ús libben. Hy fergelike dat doe mei in toer wêr't in hoanne boppe op siet en dat dy der nea of waaie koe omdat hy fêst ankere sit yn dy sterke toer. Dat dúdlike byld spruts my oan. It fersekerde my fan de fêstichheid dy't wy yn Kristus ha meie. Stoarmen komme der, mar dat Anker brekt nea en it hâldt stân sels yn de grutste stoarmen.

Dy preek kaam wer yn myn tinzen doe't ik in e-mail krige fan in sekere Durk Rekker út Burgum. Hy hie in fraach oer in âlde Binne Fokkes Rekker dy't froeger yn 'e Ham wenne hat. Hy wie kloklieder fan de Herf. Tsjerke yn 'e Ham. Letter wennen Albert en Hylk Wagenaar yn dat hûs en ik ha dêr wol ris yn 'e hûs west, as ik soms ris yn 'e Ham út fan hûs wie. Sy hienen in soan Freerk. Teminsten sa stiet my dat by. Om't syn heit de klok liede moast, ha ik al ris as jonge yn 'e Hamster toer west, al hielendal boppe yn. Doe koe ik alle kanten út sjen. Ik koe myn pake Jelle syn spultsje op 'e Ikkers dúdlik sjen, oan in oare side seach ik de Tilsterbrêge, wer oan in oare kant de hiele Ham, en troch it lêste gat seach ik Bomkleaster lizzen. Doe ha ik de klok ek ris goed besjoen. In meunster! En dy izeren stange dy't troch it dak gie en dêr't de hoanne boppe oan fêst siet. Dy stielen stange siet ferankere yn de grouwe balken fan de âlde toer. Muorrefêst! Der hie ds. Jansen it doe oer yn syn preek. Alles wie doe aardich dúdlik foar my.

Wa wie Binne Fokkes Rekker? Der sil net sa folle minsken mear omstappe dy't him noch goed foar de geest krije kinne. Hy ferstoar yn 1935, en syn frou Tryntsje yn 1949. Binne buorke wat, ferboude wat griente, hie in pear bistjes, ferkocht peteroalje, en wenne rjocht tsjinoer de Herf. Tsjerke. Hy die der dus fan alles by, wie agint foar in siedhannel en foar in saak dy't grêfsarken makke, hy moast de grêven dolle, moast klokliede, hy wie koster fan de tsjerke, en, sa fertelde de 83-jierrige Frans Folkerts Bruining út Toronto my: hy wie ôfgryslik rimpen, en hy knipte it hier wol gauris fan de jonges fan Folkert Bruining, dy't omke tsjin him sizze moasten. Binne syn frou Tryn wie in suster fan Folkert Bruining. Frans fertelde ek dat Tryn-muoi altyd in wite floddermûtse op hie troch de wike, mar sneins hie sy der in sulveren earizer ûnder. Sy wie neffens Frans in echte stânfries! Myn tante Griet, dy't yn alle minsken wol wat goeds sjocht, sei tsjin my: 'Binne wie wol in goed mantsje, ik kaam der froeger as faam al om bestellingen foar my heit Lammert Wijma, de moalkeapman fan de Tille, en letter ek wol doe't ik yn 'e Ham wenne en mei dyn omke Jelle Hamstra, de bakker, troud wie. Ik gie der altyd hinne om de kaai as ik op it oargel spylje woe foar sneins. Binne wie in bytsje koart oan lein, mar ik koe best mei him oer 'e wei. As koster moast hy it jongfolk ek koest hâlde yn 'e tsjerke en as sy net stil sieten, seach hy se wol ris swart oan en stuts de finger dan ek wol ris warskôgjend om heech. Tante Griet wist ek noch dat Binne altyd soarge dat der in waarm koaltsje yn 'e têsten fan de stoven siet foar de âlde wyfkes! Hy hat letter ek noch behearder west fan it earmen-tsjerkhôf yn de Hamsterheide.

Binne (1861-1935) wie in soan fan Fokke Benjamins Rekker (1822-1873) en Yfke Gaatzes van der Veen (1817-1895), en hy wie troud mei Trijntje Kornelis Bruining (1863-1949). Binne en Tryn hienen yn elts gefal 6 bern: Sjoukje (1895-), Fokke (1897-1982) en troud mei Gepke Visser (1899-1986), Kornelis (Kees) (1899) en troud wie Elske van der Veen, Gaatze (1901-1926), Yfke (1902-) en dan noch Durkje (1906-). 'k Fûn ek út dat de namme Benjamin stadichoan feroare is yn Binne.

Binne hie yn elts gefal trije bruorren: Gaatze (1846-1851), Roel (1849-) troud mei Antje Harmens Bos (1850-), en dan wie der in twadde Gaatze (1852-1876). Fokke wie in soan fan Benjamin Luitzens Rekker (1783-1844) dy't út Garyp kaam en troud wie mei Sibbeltje Fokkinga (1788-1865). Trijntje wie in suster fan Folkert (1870-1949) dy't troud wie mei Geertje Rinzes Storm (1891-1938).

Jelle yn Kanada