OP ZOEK NAAR ROOTS - 64


In protte bern binne wol ris te fiter hâlden troch grutte minsken dy't dêr wol wat aardichheid oan hienen. As ik tebek sjoch wit ik fêst fan twa gefallen dat ien my der tusken nimme woe doe't ik noch mar sa'n bûkemantsje wie. De iene wit ik net sa dúdlik mear. Dy man, in timmerman, frege my om eefkes nei in oare timmerman te gean om in rûne of krûme winkelheak, of sa sawat. Ik wit dat net sa presiis mear. Ik ha doe in skoftke yn berie stien, doarste net nee te sizzen fansels, mar ha it net dien. Ik fertroude it net. Dy oare kear wit ik noch wol hiel skoan. Ik stie te sjen, as jonkje fan sa'n 9 á 10 jier, nei in mitseler of foeger dy't moai oant wurk wie mei de muorre fan in nije loads flak by ús oan de Warreboskleanne op 't Fean. Ik koe him wol want hy wie famylje fan freonen fan myn heit en mem, nammentlik Hindrik de Vries en syn frou Tryn út Stynsgea. Dy man sei samar ynienen tsjin my: "Wat is dat no ferfelend, Jelle, ik ha de tichte gatsjepanne fergetten mei te nimmen fan hûs. Ik tink dat dyn mem wol ien hat dy't ik eefkes brûke mei. Soest dyn mem freegje wolle foar my?' It like sa gewoan, mar earne fertroude ik it net. It like my net goed ta en ik seach him oan en frege him: 'Hoe sjocht sa'n ding der út?' Hy sei: 'Dat is in soart panne. Dyn mem wit fêst wol wat ik bedoel.' Ik ha my doe omdraaid en bin fuort gien, mar ik ha it net dien fansels.

Sa learden jo as bern al dat jo goed op jin iepenst wêze moasten, en ek dat grutte minsken lytse bern wol ris foar de gek hienen. Der sille wol mear fan dy dingen wêze wêr't bern soms om fuort stjoerd wurden. Sa neamde Anne van der Schaaf, dy't troud is mei Anneke de Vries út Stynsgea, noch it wurd 'plint-ledder'. Ik hie dat wurd noch nea heard. Hy hearde krektlyn fan in strjitmakker dat dy lju oaren wol ris te fiter hienen mei harren om in 'tegeldweil' fuort te stjoeren. In stukadoar fertelde Anne dat hy as jonge wol ris nei in boer stjoerd wie om de 'heaskjirre' eefkes op te heljen foar in oare boer. As it mar by in grapke bliuwt dan is't net sa slim.

Dy mitseler of foeger wie Hindrik de Haan (1921-) út Stynsgea. Hy wie in goeie man, dy't wol oer in grapke mocht. Hy wie troud mei Aukje de Graaf (1925-) dy't út de Kompenije kaam. Hindrik wie in soan fan Markus de Haan (1898-1987) en Wytske de Vries (1899-1991), dy't in suster wie fan Hindrik bakker (1911-1976) út Stynsgea. Hindrik en Wytske wienen bern fan Wiggele (1875-1963) en Antsje (1878-1967) út de Ham. Ik ha harren al ris faker neamd. Markus wie in soan fan Hindrik de Haan (1871-) en Rinskje van Manen (1876-), dy't in dochter wie van Markus van Manen (1845-) en Antje de Haan. Hindrik wie, tink ik, in soan fan Gerrit de Haan en Hielkje Jager. Dat wit ik net seker. In pear jier lyn krige ik ris in e-mail fan in jonge master út Harkema. Hy hie in stukje yn de Feanster lêzen en dêr hie ik Wiggele en Antsje yn neamd. Hy stjoerde my ek in kykje fan it hûs fan Wiggele en Antsje nêst de bakkerij fan Schaper. It bliek nammentlik dat dat syn oer-pake en beppe wienen. Dizze jonge master hiet Max de Haan en wie neamd nei Markus de Haan, de heit fan Hindrik de foeger en fan Wiggele, de heit fan Max. Master Max hie doedestiids in famke yn 'e klasse, Jeltsje de Vries, dy't pake sizze moast tsjin Wiggele Ruurds de Vries (1931-), soan fan Ruurd de Vries (1906-), ek in broer fan Hindrik bakker. As jonge ha ik wol boarte my Wiggele op 'e Drifte as ik by pake en beppe Kooistra op it hoekje fan de Boskwei en de Drifte út fan hûs wie. Ik wie ris by Wiggele te boartsjen en ik hearde pake wol roppen yn 'e fierte dat it iterstiid wie. Der siet in kampke lân tusken en in dykswâl en pake mar roppe "Jellu! Itu! Jellu! Iterstiid!" En ... ik mar rinne! Op't lêst stie ik ynienen efter him. Doe hat hy mei dúdlik útlein wat ik dwaan moatten hie yn pleats fan him mar roppe te litten. 'k Ha wol lekker iten hân fan beppe, en pake syn lilkens sakke ek wol wer wat ôf. Wat moat in jonkje in protte leare foardat er alles wit. Alles? Nee, mar wol wat mear. Soms jouwe grutte minsken bern net genôch tiid om al dy lytse knypkes fan it libben te learen.

Jelle yn Kanada