'k Ha wer ris nei Renfrew west te preekjen. Ik mei dêr wol graach ris hinne gean al is it net neist de doar. It is sa'n 175 km. by ús wei, mar yn myn nije truckje is't noflik riden, foaral as Ritske Numan mei reizget. Ik lústerje dan nei in protte moaie ferskes dy't Ritske mei krêft en ynmoed sjongt. Sa sjongt er û.o. 'Wat bin' der yn't ferline al in Friezen 't lân úttein. Ek hjoed-de-dei giet dat noch troch mei fleantúch, boat en trein.' Dat is in moai ferske dat ik my bêst yntinke kin. Wy ha sa troch de jierren hûnderten Friezen oantroffen yn in protte plakken yn Canada. Dat stoere folkje doarst wol earne wat oars te begjinnen.
Ik trof yn Renfrew in sekere Hessel van der Velde, dy't oarspronklik út Marrum kaam. Ik krige ek de nammen fan syn âlden: Adam van der Velde en Anneke Stien-stra, en fan syn pake en beppe: Hessel
van der Velde (1897-) en Geertje Huizinga (1898-) en oan de memme-kant wienen dat: Otte Stienstra (1904-1938) en Trijntje Sytsema (1903-1943), en Trijntje's mem wie Anneke Eeltjes Borger (1871-).
Al dy nammen seinen my net sa'n folle om't dat folk allegearre út Ferwerderadiel en it Bildt komt. Mar ien namme foel my wol op, nammentlik 'Borger'. Ik tocht direkt oan in Borger wêr't ik al in skoftke om sykje. En eins net allinne oan Borger mar ek oan Franken. Fryslân tilt fan Veenstra's, Kooistra's, en Weening's, mar der binne net folle Franken's. Dat sei dy betûfte sneuper út de Ham, jierren lyn, ek al. Ik bedoel Symen P. Nicolai dy't ek in bulte oan it útsykjen west hat fan famyljes en nammen. Hy wie ek wat famylje fan ús fia de Nicolai's en ek fia de Franken's. Yn ien fan syn boeken seit hy dat der mar in pear minsken binne dy't de namme Franken no
noch drage. Der wienen in ús takke wol wat famkes, mar net folle jonges en dy jonges binne nea troud west. Dan hâldt in famylje-namme gau op. As der lêzers binne dy't mear oer dat folkje witte, dan soe ik wol graach wat fan harren hearre.
Hessel hie dus in Borger yn syn kertiersteat, mar ik ha al útdoktere dat dat gjin famylje is fan myn Borger's. Ik ha ek al berjocht krigen fan guon minsken yn Harkema oer dy Borger-famylje, mar net ien kin my helpe, skynt wol. Miskien dat der wat Borger-reaksje op dit stukje komt.
Myn heit hie in neef Riekele Everts Borger (1861 Sur.veen - 14.5.1933 Deinum). Hy wie troud mei Trijntje Sierks Franken (1868-1899). Dit pearke wenne letter op 'e Drifte of Boskwei ûnder Droegeham, en sy krigen 2 jonges: Evert (1895-) en Sierk (1897-1897) dy't mar 2 dagen libbe hat.
Myn beppe Hiltsje Sierks Franken
(1878-1948) wie in suster fan dizze Trijntje, en dat wienen dochters fan Sierk Kornelis Franken (1833-1902) en Loltsje Dictus Benedictus (1838-1909). Der wienen wol wat jonges by Sierk en Lol mar dy binne nea troud west. Dat wienen: Dictus (1863-1919), Kornelis (1867-), Kornelis (1870-1940) en dy wie blyn yn 't lêst fan syn libben. Der wienen ek noch wat famkes mar as dy trouwe dan hâldt de namme op fansels. De famkes wienen: Sjoukje (1865-1931) en dy wie net troud, dan Jeltje (1873-) dy't binnen it jier ferstoar, dan in twadde Jeltje (1873-1884) dy't dus mar 11 jier wurden is. De mem Loltsje wie in dochter fan Dictus Teyes Benedictus (1799-1870) en Trijntje Pieters Nicolai (1810-1878). Der wienen noch mear bern by Dictus en Tryn: Frijke (1832-1909) dy't troude mei Klaas Postmus (1814-1876), Teye (1835-1905) dy't troud wie mei Antje Bakker (1840-1930), dan Pietje
(1841-1883) dy't troud wie mei Roel van der Meulen (1841-1910), dan Jitske (1843-1918) dy't troude mei Jacob Kramer (1830-1896), en noch in Jeltje (1848-) dy't troude mei Johannes van der Woude (1841-).
Ik wist dat Trijntje Franken net âld wurden wie, en ek dat har lytse Sierk ek mar krekt libbe hie. Allinne Riekele en dat oare jonkje bleaunen oer. Yn 1912 wennen dy twa yn Eastermar. En no fûn ik lêstendeis dat Riekele wer troud wie mei in sekere Jeltje Hoekstra. Riekele is ferstoarn yn Deinum op 14.5.1933. No giet it my om dy lytse Evert Riekeles Borger. It lêste wat ik no wit is dat hy by it Spoar (N.S.) wurke en dat hy yn 1924 nei Zandberg yn Drente gien is. En dêr hâldt it spoar fan spoarman Evert op! Is der ien dy't my helpe kin? Miskien wurde de riedsels oer Evert en de Franken-famylje noch ris oplost.
Jelle yn Kanada