OP ZOEK NAAR ROOTS - 66


Okkerdeis wienen wy yn Chatham, Ontario, by freonen fan dy tiid doe't Ali en ik as emigranten dêr oankamen yn 1956. Ik hie al ris heard dat Jan Hoogsteen fan Koartwâld yn dy omkriten wenne, en dat wie ek sa. Op in moarntiid bin ik by Jan Hoogsteen en syn frou op besite west. Sy wenje in oerke riden fan Chatham ôf. Ik hie Jan nea wer sjoen sûnt krekt nei de oarloch, tinkt my. Jan is in pear jier jonger as ik bin en hy siet by myn broer Sjirk yn de klasse, en dy beiden ha letter ek kammeraat west. Jan liet my noch in moai kykje sjen wêr't hy en Sjirk op stienen as jonges fan sa'n 13-14 jier, moai yn de pofbroeken. Wat my opfoel is dat sy beide in sigaret oan hienen, Jan tusken twa fingers en Sjirk tusken syn lippen. Jan sei: 'Moast Sjirk ris sjen, sa rookt er, hy sûget der gewoan oan! Djip, hiel djip!'. En dat wie ek sa. Sjirk hie syn wangen gewoan djip nei binnen lutsen. De reak gie goed djip! En noch mar sa jong!

Wy ha in pear oerkes moai sitten te praten oer 't Fean, oer de skoalle, oer de knapen ferieniging, ensf. Ek oer ús beider libben fansels. Wêr is de tiid bleaun. Jan is in moaie ferteller. Hy fertelde sa noch eefkes oer Sjirk en oer himsels. Hy sei dat se dikke kammeraten wienen, beide mei fleurige, koartswiliche natueren, en dat se mekoar ek wolris wat pleagen. Sjirk hie doedestiids in blond stikelboskje en Jan hie readich hier. 'Soms', sei Jan, 'pleage ik Sjirk wolris mei syn stikelboskje'. Jan fertelde sa: 'Dan struts ik Sjirk wol ris foarsichtich oer syn rjochte stikeltsjes en dan luts ik gau myn han werom en sei dan tsjin him: 'Ou, wat stek ik my dêr!' En wist wat Sjirk dan die? Dan struts hy my oer myn readich boskje hier en luts gau syn han werom en sei dan: 'Ou, wat brân ik my dêr!''En dat hindere neat', sei Jan, 'dat koenen wy bêst ha fan mekoar'.

Jan hat jierrenlang buorke yn Canada en fûn hjir ek syn frou Jantsje Postma dy't as famke mei har âlden hjir kaam wie, ek nei de oarloch. Sy kaam fan Kollumersweach.

No hie ik fan beiden wol wat gegevens yn de kompjûter, mar dat is no wol wat mear wurden. Ik folgje dit kear Jan syn famylje wat, en miskien doch ik Jantsje har famylje in oare kear wol. Har mem wie in Alma en kaam út Stynsgea.

Jan (1934) is in soan fan Willem Barelds Hoogsteen (1891-) en Dina Klazinga (?). Willem wie boer yn Koartwâld flakby it Fean. Sy wie in dochter fan Theunis Jans Klazinga (1856-) en Klaske Roels Poelstra (1874-). Willem wie in soan fan Bareld Willems Hoogsteen (1864-1939) en Antsje Tjipkes van der Velde (1869-), dochter fan Tjipke Tobias van der Velde (1831-1872?) en Geeske Sytzes Pultrum (1834-1904). Ik bin net seker fan de datum fan it ferstjerren fan Tjipke Tobias van der Velde. Miskien is der wol in lêzer dy't my úthelpe kin mei de júste datum, ek fan Theunis en Klaske en Dina. Bareld wie in soan fan Willem Martens Hoogsteen (1827-1899) en Klaaske Wiebes Kootstra (1829-1903).

Antsje Tjipkes van der Veen hie in broer Tobias (1862-1930) dy't troud wie mei Trijntje Johannes van Minnen (1858-1938), dochter fan Johannes Jans van Minnen (1830-) en Sjoerdje Luitzens Bijstra( ). Tobias en Trijntje hienen in dochter Sjoerdje (1889-1972) dy't troude mei Johannes Feyes Postma (?) dy't smid wie yn Surhuzum. Harren dochter Trijntje (1915-1996) wie troud mei Hendrik Wiggeles de Vries (1911-1976) út Droegeham, dy't letter bakker wie yn Stynsgea. Harren dochter Sjoerdje is troud mei Anne Sietzes van der Meer, soan fan Sietze van der Meer (1909-1996) en Grietje Land (1908-). Anne en Sjoerdje wenje op 't Fean.

En sa binne Sjoerdje en Jan Hoogsteen dus famylje fan mekoar. Mar Jan wie ek fiere famylje fan master Tjoelker by wa't hy yn 'e klasse sitten hat op de Kristlike Legere Skoalle op 't Fean. Dat siet sa: master Ate Tjoelker wie troud mei Aaltje Nannes Klazinga (1892-) en sy wie in dochter fan Nanne Jans Klazinga (1859-1920) en Ybeltje Hendriks van Schepen (1863-1900). Jan syn mem Dina KLazinga wie in dochter fan Theunis Jans Klazinga en dat wie in folle broer fan Nanne Jans Klazinga. En sa wie Jan famylje fan juffer Tjoelker.

Jelle yn Kanada