Wy ha krektlyn in grutte reis makke nei Grand Rapids yn de staat Michigan. Ali en ik bin mear as twa wiken fuort west. It reizgjen is hjir net flak by de doar. Wy ha omtrint 3000 km. riden yn de auto, en wy ha by ferskate freonen oan west. Ik wie ôffurdige nei de synoade fan de Christian Reformed Church dy't elk jier hâlden wurdt, meastal yn Amearika. Dizze grutte fergadering wurde hâlden yn ien fan de moaie gebouwen fan Calvin College. Elke klassis stjoert 4 mannen: 2 dûmny's en twa âlderlingen. Ús tsjerken ha 47 klasses, dus wienen wy dêr mei sa'n 188 manlju. Wy ha 5 lange dagen mei de saken fan de tsjerke dwaande west, faak fan moarns 8 oant jûns 9 ûre ta. Op ien fan dy dagen wurde de fergadering stoppe om 5 ûre en wie der in 'picnic' yn de prachtich moaie tún mei beammen en fivers fan de presidint fan Calvin College. It wie waarm
en wy sieten moai yn 't skaad. Dêr troffen wy in protte minsken mei Hollânske nammen en ek hiel wat Friezen fansels. Ien dêrfan wie prof. dr. Henry Baron dy't oan Ali en my foarsteld wurde troch de presidint fan de synoade, dû. M. Greidanus. Ik tocht efkes nei doe't ik Henry Baron syn namme hearde en doe wist ik al gau dat dat dy selde Hendrik wie dy't oan de sânreed De Ketting wenne yn Grinzer Pein, krekt oer de Lauwers, mar tichteby it Fean.
Doe ha Henry en ik dêr efkes stien te praten, moai yn't Frysk, midden yn Amearika. Henry en ik sille fierder kontakt hâlde fia it internet. In dei of wat letter stie Ali yn it skoandere plak Holland, dat eefkes fierder west fan Grand Rapids leit, foar in winkel te sjen en doe hearde sy Frysk praten. Sy makke in praatsje mei dat spantsje, yn 't Frysk, en doe bliek dat dizze minsken út Hurdegaryp kamen en hjir
mei fakânsje wienen. Sy makken in reis troch Canada en Amearika mei in moaie 'camper'. Hy wurket foar de Ljouwerter krante en Ali hat him doe eefkes ferteld dat ik wol ris stukjes yn 't Frysk skriuw yn de Feanster. De staat Michigan tilt fan Hollanders en der binne ek in protte Friezen. Yn Calvin College ha ik eefkes yn de argiven sneupt: wat in skat fan gegevens oer âld-emigranten! Dêr kin minsken harren hert ophelje as sy sykje nei famylje-leden dy't froeger de grutte dobbe oerstutsen binne. Dat is in goudmyn!
Henry fertelde my ek noch dat hy op de Kristlike Mulo op it Fean west hie fan 't begjin ôf doe't dy skoalle iepene wurde yn it Gebouke op 'e Trije Roede.
No eefkes werom nei de famylje Baron. Ik hie wol wat oer dizze famylje yn myn kompjûter, mar no wit ik wer wat mear. Henry (1934) is in soan fan Jeen Baron (1896-1955) en Aafke
Hoekstra (1902-2001), dochter fan Hendrik Martens Hoekstra (1858-1946) en Elizabeth Roels Fokkinga (1860-1946) dy't op Koartwâld wennen. Dizze Hendrik wie in soan fan Marten Hoekstra (1827-1902), slachter yn Bûtenpost, en Janke Jans Schuilenga (1834-1927), famylje fan de Schuilenga's fan 't Fean.
Syn heit Jeen, dy't wat buorkery hie en ek hannele yn foeraazje en keunstdong, wie in soan fan Sytze Hendriks Baron (1854-1922) en Grietje Jeens Landman (1856-1933), dochter fan Jeen Lammerts Landman (1823-1885) en Mettje Lieuwes van der Meer (1820-1880) út Rottefalle. Doe't hy de namme Landman neamde, tocht ik fuort oan Lammert's Fok út Rottefalle, dy't fiere famylje fan ús is. Fokje wie nam-mentlik in dochter fan Teye Teades de Haan (1856-1938) en Fokje Minnes Kuipers (1864-). Dizze Fokje wie in dochter fan Minne Liekeles Kuipers (1836-1870) en Trijntje
Johannes Kramer (1837-1927), ús Trien-muoi. Dizze Trijntje wie neamd nei Trijntje Bouwes Postma (1778-1853), dochter fan Bouwe Franzes Postma (1742-1822). Dizze Bouwe wie de pake fan Marijke Harms Postma (1830-1909), frou fan Roel Fokkinga (1830-1909) dy't de âlden wienen fan Elizabeth Fokkinga.
Sytze Hendriks Baron wie in soan fan Hendrik Hanzes Baron (1812-1892) en Maartje (Margje) Jacobs Flokstra (1822-1875), dy't froeger yn de omkriten fan Appelskea wennen. En sa binne de 'rêstende' professor yn Grand Rapids en de 'rêstende' skoalmaster/haad yn Williamsburg dus famylje fan mekoar. Dochs aardich om mekoar sa te moetsjen.
Jelle yn Kanada