OP ZOEK NAAR ROOTS - 69


As Ritske Numan sjongt "Wat bin der yn 't ferline al in Friezen 't lân úttein" en as men it livige boek fan Hylke Speerstra "It Wrede Paradys" lêzen hat, dan krije jo wol in aardich dúdlik byld fan in brede stream fan Friezen dy't yn de loop fan de tiid fuort gien binne. Ik ha krekt dat swiere boek lêzen en ik moat sizze dat ik hiel wat leard ha. In protte emigranten binne nei Canada en Amearika gien, mar eins binne se nei folle mear wrâld-dielen ferhuze: skaren binne nei Australië en Nij-Seelân gien; mar ek nei Súd-Afrika en Súd-Amearika. Friezen binne net bang om der op út te gean. As it moat litte sy de tosken sjen, of sy bite op 'e tosken.

De leste pear wiken krige ik twa e-mails fan dames dy't Kooistra hieten, mar no troud binne. De iene wit fan de oare neat of. Beide fûnen se myn adres op it Internet, en beide wolle graach wat mear witte oer harren ROOTS. Sy wenje yn Amearika en net iens sa fier fan mekoar ôf. Dy iene stamt ôf fan in Kooistra dy't yn 1890 nei Amearika gien is en út Grou kaam. Dy oare, Lorri Kooistra, stamt ôf fan in Kooistra út Boerum. En dy famylje kin ik wol aardich folgje en ik tink dat der noch wol famylje fan har yn Kollumerlân en Achtkarspelen wennet, en miskien wol op 't Fean. Wa wit hear ik wol ris wat fan dy minsken.

Lorri en har twadde man Dale Huckelbery mei graach reizgje en no wol sy hiel graach nei it stee fan pake en beppe Kooistra yn Boerum. Mar sy kin net ien yn Fryslân en Grinslân en sy wit net hoe te begjinnen. Har beppe kaam út Ezinge, yn de gemeente Aduard. Dale en Lorri hoopje takommend foarjier rjochting Fryslân te fleanen. In soan fan Lorri dizze hjerst al. Reid van der Ley út Grins hat my hiel wat holpen en dy fertelde my ek dat Lorri famylje wêze moat fan Joop Atsma, dy't op 't Fean wennet en Twadde Keamerlid is. Joop hat my in jier of wat lyn it 'nije' Fean sjen litten doe't hy noch redakteur fan de FEANSTER wie.

Lorri stjoerde my juster in fotokopy fan it trouboekje fan har pake en Beppe Kooistra. Dêr stie hiel wat yn, û.o. ek de gegevens oer de sân bern, dy't allegearre berne wienen yn Boerum. Dat holp moai foar it útsiikjen fan dizze famylje. Sy stjoerde my ek in krante-ferhaaltsje fan froeger út Grand Rapids, Michigan, wêr 't har pake yn beskreaun wurdt. Dy hie in lyts winkeltsje yn Grand Rapids en hy sútelde ek mei fleis by de emigranten lâns. En ... hy ferkocht 'Grunniger Mosterd'.

Lorraine (Lorri) is berne yn 1940 yn Ann Arbor, Michigan, en wie earst troud mei Charles Jambliter dy't al jierren wei is. No is sy wer troud mei Dale Huckelbery. Sy hat twa jonges by har earste man. Har âlden wienen Klaas (Clarence) Kooistra (1908 Boerum -) en Cleo Lorraine Timmer (1909-).

Klaas wie de jongste fan de sân bern fan Pieter Minnes Kooistra (1864-1961) en Geeske Wiersema (1870-1950), dochter fan Hendrik Wiersema en Hendriktje van der Gulden út Ezinga. De seis Kooistra bern binne allegearre nei Amearika gien mei harren âlden yn 1911. Ien lyts famke, Klaaske, leit begraven yn Boerum.

Pieter wie in soan fan Minne Tsjisses Kooistra (1816-1899), skuonmakker yn Boerum, en Geertruida Hendriks Lollinga (1827-1891), dochter fan Hendrik Simons Lollinga (1798-1851) en Johanna Pieters Tinga (1801-1884). Minne wie in soan fan Tsjisse Hendriks Kooistra (1794-) en Klaaske Minnes Faber (1792-1831).

Minne en Geertruida hienen tsien bern krigen, en Pieter wie dêr ien fan, en der wie ek in Johanna Minnes Kooistra (1848-1879) en dy wurde de twadde frou fan de widner Heine Egberts van der Meer (1839-1882). Sy krigen ien soan Minne van der Meer (berne yn 1875 yn Aldegea-?) en dy troude mei Jitske Rients Bos (1877-?) ôfkomstich út Boarnburgum. Harren soan Heine van der Meer (1904 Boerum-1985) wie troud mei Jantsje van der Veen, en dit spantsje hie in dochter Tjitske van der Meer (1930-) dy't troude mei Pieter Johannes Atsma fan 't Fean. En harren soan is Johannes Jan Atsma, better bekend as Joop Atsma. En sa binne Lorri yn Jamestown, New York, en Joop Atsma famylje fan mekoar.

Jelle yn Kanada