1933 wie een wichtich jier foar my. Wêrom? Omt de minsken dy't doe berne binne, no yn 1999 harren AOW en pensioen krije. En dêr hear ik ek by. Doe't wy yn Canada oankamen yn 1953 wie hjir neat fen dat spul. Elk moast mar foar him sels soargje. Gelokkich is dat troch de jierren gâns feroare. Hjoed-de-dei krije de minsken yn Canada, bûten harren pensioen fen it wurk dat se dienen of fen de maatskippij dêr't se foar wurken, ek harren pensioen fen 'e regearing plus it AOW. Elk hat it no gûd. Wy ek.
Doe't ik op 12.12 it earste libbensljocht seach yn'e Ham yn een hûs op 'e Drifte, frear it dat it kreake. Det hat myn mem my wol gauris ferteld. Sy sei det it holle-kessen fêst fêrzen wie oan 'e muorre! It wie een betiide en kâlde winter want de Alvestêddentocht wurde riden op de 16de desimber. De winners wienen Abe de Vries en Sipke Castelein.
It wie net een bêste tiid om berne te wurden. De wrâld siet midden yn'e krisis jierren. Der wienen een protte minsken sûnder wurk. Myn heit wurke op 't Fean yn't molkfabryk en fertsjinne mar trettjen gûne yn 'e wike foar mear dan 50 ûren wurk. It wie dik earmoed by de measte arbeiders.
Ik wie de twadde jonge yn't gesin fen Hindrik en Tryn, en waerd nei pake Jelle Hamstra neamd. Det wie doe destiids de fêste gewoante. Wy ha det letter ek presiis sa dien. Us âldste soan wie Henry, neamd nei myn heit.
Myn mem wie meastentiids oan 'e meagere kant en 't foel hast net op, tink ik, det sy yn ferwachting wie. Doe't myn heit by pake Jelle kaem om te fertellen dat syn âldste dogter wer een soan krigen hie en det hy ferneamd wie, seach er een bytsje ferheard op, foaral doe't hy hearde dat de lytse jonge gûd acht poun woech. Hy sei tsjin myn heit: ,No haw ik noch noait fen myn libben heard det er sâ'n swiere tongerslach út sâ'n lytse bui komme koe.'
'k Bin de lêste jierren troch tûzenden akten fen ferstjerren gien fen Achtkarspelen, foaral yn de 1800-jierren, en it foel my faak op det de akten fen âlde manlju en froulju, sels yn'e 80 jier, ûnder berop seinen: arbeider/ arbeidster. Sy wurken oan't se kaemen te ferstjerren. Dan ha wy it wol wat makliker! Wy hoeche de hân net ienris mear út te stekken of op te hâlden, de sinten wurde gewoan op ús rekken set by de bank. De sosiale foarsjenningen dy't wy hjoed ha, wienen der yn dy tiid net.
Myn iene beppe wie een Nicolai en myn oare beppe een Franken. Beide hienen sy it net rom, foaral net doe't se jong wienen en yn'e lytse bern sieten. De pong sil meastal wol leech west ha. Fen beide beppes haw ik de stambeam. Der wie froeger een sekere S. P. Nicolai dy't een boekje skreaun hat oer de Nicolai-famylje. Myn tante Janke Kooistra, dy't yn novimber 1998 ferstoarn is, joech my dat boekje jierren lyn en det hat my bot holpen. 'k Haw underwilens sels hûnderden nije Nicolai's fûn. Sy sitte allegearre yn 'e kompjûter.
Myn heit syn mem wie Hiltje Franken (1878-1948). Beppe Hiltje wie een dogter fen Sierk Kornelis Franken (1833-1902) en Loltje Dictus Benedictus (1838-1909). Sierk wie een soan fen Kornelis Arjens Franken (1806-1887) en Sjoukje Sierks Walstra (1799-1882). Kornelis wie een soan fen Arjen Kornelis Franken (1765-1835) en Klaaske Douwes (1765-1842). Hjoed-de-dei binne der gjin manlike ôfstammelingen fen Sierk en Loltje, dy't de namme Franken drage. Der wienen wol een pear jonges, mar dy binne nea troud west.
Sa hâld een namme soms samar op. Det is by de Hamstra's yn Canada omtrint ek sa. Gelokkich is lytse Troy Hamstra der noch. Hy draacht no al in grutte ferantwurd-likheid. En hy is noch mar seis jier âld.
Jelle yn Canada