Christa, Bareld, Hielke. Trije nammen. Wa binne dizze minsken ? En ha sy ek wat mei mekoar út te stean? Famylje soms?
Dit ferhaal begûn mei in pear e-mails: ien út California en ien út de Tille! In dei of wat lyn ha ik Jan Hoogsteen, earne yn Ontario, opbelle op in jûntiid om him it ien en it oare te freegjen oer dy e-mails. Ik tocht dat hy my wol eefkes de wei wize koe. Dy iene e-mail wie fan in jongfaam út Koatstertille. Sy woe graach wat mear witte oer de famylje fan har mem, de fam. Benedictus. Har pake is Jan Benedictus dy't oan de Krúswei, yn Harkema, wennet. Ik neamde sa tsjin Jan Hoogsteen: 'Kinsto ek in Jan Benedictus oan de Krúswei?' It wie eefkes stil en doe kaam it al gau: 'Ja wis, jonge, dy kin ik wol. Dat is famylje fan ús Bareld!' Ik sei: 'Fan Bareld. Net fan dy?' 'Né, eins mear fan Bareld dan fan my', sei Jan.
En doe fertelde hy my in hiel ferhaal oer in âlde boer, Meint Poelstra, dy't troud wie mei in sekere Hindrikje, en dat Jan syn âlden it spultsje fan Meint en Hindrikje erfd hienen om't it earne famylje wie. Dat spultsje stie tsjinoer de brêge oer de Feansterfeart as jo sa Harkema binne ride fan ôf it Fean. 'Dêr hat ús Bareld earst buorke, en letter ús Teunis ek', sei Jan. 'En op de ien of oare manear binne wy ek famylje fan Jan Benedictus en syn frou', sei Jan noch. Nei in skoftke binne wy der út kaam hoe't dat yn mekoar siet. Doe't ik neamde dat trije broers fan Christa's beppe yn Canada sieten, en ik harren nammen neamde, rôp Jan yniens lûd en dúdlik: 'Ja wis, jonge, no bin we der al. Ik bin wol by dy iene, by Gaele, yn Ottawa, yn 'e hûs west!' En dy oare wie Tsjeard, en der wie ek noch in Hielke Atsma. Dy trije manlju wenje no yn Brits Columbia. En no
blykt dat Bareld en Christa dus famylje fan mekoar binne. Hoe? En wa is Christa eins?
Christa is 19 jier âld, sy studearret noch, en wurket parttime op 't Fean yn in supermarkt. Sy is in dochter fan Douwe van der Veer (1950-) en Siebrigje Benedictus (1956-), dochter fan Jan Dictus Benedictus (1928-) en Tietje Jans Atsma (1929-). Jan en Tietje buorken oan de Krúswei. Jan is in soan fan Dictus Jans Benedictus (1905-1989 ) en Siebrigje Joukes Spoelstra (1907-1994 ), famylje fan Haaye Spoelstra fan Blauhús, tink ik. Tietje is in dochter fan Jan Gaeles Atsma (1908-1988) en Hindrikje Tjeerds Bijlsma (1908-1970), dochter fan Tjeerd Willems Bijlsma (1872-1930) en Tietje Willems Hoogsteen (1874-1952), en dus famylje fan Bareld Hoogsteen. Jan Atsma wie in soan fan Gaele Jans Atsma (1861-1932) en Tetje Hielkes Klaver (1882-1956). Gaele wie in soan fan Jan Rypkes
Atsma (1835-) en Tjitske Gaeles Couperus.(1833-1861) [De fam. Couperus ha ik al ris oer skreaun in ROOTS] Jan Hoogsteen syn broer Bareld (1928-), soan fan Willem Barelds Hoogsteen (1891-1966) en Alberdina Klazinga (1899-1989), is troud mei Jeltje Dictus Benedictus en dy ha, neffens Jan, acht jonges en ien famke, dy't Siepie hiet (Siebrigje, tink ik) en sy is skoaljuffer. En sa binne Christa en Jeltje, de frou fan Bareld, dus famylje, mar Bareld past ek yn dit gehiel fia Tietje Willems Hoogsteen. Mar Jan Dictus Benedictus en ik binne ek famylje want myn oer-beppe wie Loltsje Dictus Benedictus, mar dat wie wol in oare Dictus. Jan Bene-dictus en ik by mekoar yn Benedictus Jans (1730-1809) en Loltsje Teyes (1734-1772). Jan stamt ôf fan harren soan Nane Dictus (1765-1841) en Jinke Nieuwenhuis (1774-1857), en dy hienen in soan Jan Nanes (1798-1879) dy't troud wie mei Tetje
Bijma (1805-1889. Dy hienen in soan Dictus Jans (1835-1925) troud mei Grietje Gerritsma (1844-1923), en dy hienen in soan Jan Dictus (1878-1952) troud mei Jeltje Wijma (1871-1915), en sy hienen in soan Dictus Jans, en dat is de heit fan Jan Dictus (1928-). Ik stam ôf fan in âldere soan fan Benedictus en Loltsje, fan Teye Dictus Benedictus (1763-1820) en Baukje Liebbes (1759-1811). Dy minsken hienen in soan Dictus Teyes (1799-1870) dy't troud wie mei Trijntje Nicolai (1810-1878), en dy hienen in dochter Loltsje Dictus Benedictus (1838-1909) dy't troude mei Sierk Franken (1833-1902). Harren dochter Hiltsje Franken (1878-1948) troude mei Rinze Kooistra (1875-1946), en harren soan Hendrik wie myn heit. En sa binne Jan en ik dus fiere famylje fan mekoar. Oangename kennismakking, Jan! In oare kear mear oer Hielke yn Portland.
Jelle yn Kanada