OP ZOEK NAAR ROOTS - 75


It wie al aardich let op 'e jûn. Ik lei al rjochtút, sliepte al, en dêr gie dy smoarge tillefoan neist myn bêd. Ik koe dat rinkeljende apparaat krekt berikke yn 't tsjuster, 'k rôp: 'Hallo', en doe sei in ûnbekende stim: 'Binne jo Jelle Kooistra?' Ja, dat kloppe fansels. 'Wa bin jo?' frege ik. 'Ik bin Klaas Ruiter. Ús apparaatsje seit dat jo hiene in pear kear probearre my te pakken te krijen, mar wy wienen in pear dagen fuort west. Moasten jo my ha?' frege dy man.

Dit kaam allegearre sa om't ik in brief krigen hie út Dútslân fan in sekere Pier de Boer. Dy man fertelde my dat hy myn namme sjoen hie yn de FEANSTER, yn in ROOTS-stukje. Hy frege of ik wol ris heard hie fan in Klaas Ruiter yn Canada. Dat wie nammentlik in âld skoalkammeraat fan him út Stynsgea. Pier woe graach it adres witte fan Klaas. Hy sil wol tocht ha, dy man yn Canada hat doedestiids Helena Lindeboom ek fûn, wa wit kin hy Klaas Ruiter ek wol fine. Hy fertelde my ek noch dat hy famylje hân hie op 't Fean. Dat makke my nijsgjirrich fansels.

Ik bin doe begûn te speurjen en fûn út dat der gjin Klaas, mar wol twa Clarence Ruiter's yn Canada wenje: ien yn Alberta en ien yn Brits Columbia. Ik fûn harren tillefoan nûmers al ridlik gau. Beide wenje tûzenen km's by ús wei. Ik probearre Alberta earst, mar dy man wie net thús. Doe dy oare Clarence, en ja hear, dy wie thús. Earst wat prate oer dit en dat, en doe sei ik myn boadskip. 'Dat treffe jo', sei hy, 'dat is myn neef, dy't jo sykje. Dat is Klaas fan Pieter-om. Ik bin Klaas fan Jan Ruiter, in broer fan Pieter'. En sa rekke ik op it júste spoar. De Klaas dêr't ik om socht hie froeger by de Blaufallaatster brêge wenne. Syn heit Pieter hie in transportbedriuw, en hannele yn grint, portlân, stien, ensf. Letter fûn ik út dat Klaas by Sjoerdje van der Meer-de Vries, dochter fan Hindrik-bakker út Stynsgea, yn 'e klasse sitten hie. Hy koe Jochum van der Kooi ek wol.

No eefkes werom nei Pier de Boer want dêr begûn dizze speurderij mei. Pier wennet yn Dútslân mei syn frou Alida Fiene út Amsterdam. Dizze minsken ha gjin bern. Pier hat fan alles by d'ein hân: hy hat op 'e grutte feart sitten, en op 'e kustfeart, hat 19 jier by de KLM wurke yn it dokuminten sintrum, en hat de lêste 15 jier foar it Ingelske leger wurke yn Dútslân. Hy kriget mei in moanne of wat syn pensjoen. 'Ik fiel my hiel gesûn en bin noch rjocht fan leden', sei hy okkerdeis laitsjend doe't ik mei him praat ha oer de tillefoan.

Pier is berne yn Stynsgea yn 1937, hat dêr op de Kristl. Skoalle gien, en letter op de Mulo yn Bûtenpost. Pier syn heit Sas (1903-1984) hie in skuonwinkel yn Stynsgea, skean tsjinoer de Iepenbiere Skoalle. Sas wie in grapmakker, fertelden de minsken my. Pier syn mem wie Jantje Pietens (1903-1983), dochter fan Harm Pietens (1878-) en Antje Bonnema (1881-) dy't út Grinzer Pein kaam. Antje har mem wie Adriaantje Bonnema (1854-). Harm en Antje wennen froeger oan It Ketting op 't Fean. Ik wit no wol hokker hûske dat wie.

De namme Pietens seit my in protte om't wy fiere famylje-fan-famylje binne fan de Pietens. Harm wie in soan fan Jan Hindriks Pietens (1837-1913) en Jantje Sintniklaas (1837-) dochter fan Sytze Alberts Sintniklaas en Jantje Harms Nienoord (1796-1870). Jan syn âlden wienen Hindrik Jans Pietens (1813-1843) en Hiske Jans Drost (1815-), dy't ek in soan Gosling Pietens (1842-1904) hienen dy't troud wie mei Joukje Martens van der Velde (1848-). En dizze minsken hienen in soan Marten Pietens (1874-1935) dy't troud wie mei Tryntje Kornelis Eilander (1874-1962). Tryntje har mem wie Henderina Joh. Kramer (1840-1914) dy't in suster wie fan myn oerbeppe, Aaltje Joh. Kramer (1845-1928). Wy neamden har Hien-muoi.

Sas de Boer, de skuonmakker en grapjas, wie in soan fan Pier de Boer (1869-1927) en Elizabeth (Betsje) van der Velde (1877-) dochter fan Sas Martens van der Velde (1847-1932) en Jantje Ytzens Drost (1849-1928). Oer dizze famyljes ha ik wol gauris wat ferhelle. 'k Tocht niiskrekt: wat komme al dy nammen werom yn dy famyljes. Wy hienen froeger buorren op 't Fean dy't bern hienen mei de nammen: Marten, Sas, Ytzen, Joukje, Jantje. Dat wie dus ek allegearre famylje fan Sas de Boer. En sa ha ik wer mear minsken kennen leard. Sels yn Dútslân.

Jelle yn Kanada