OP ZOEK NAAR ROOTS - 76


Sinteklaze-dei of jûn! Dat wie altyd in hiel bysûnder barren foar ús as bern. Dagen fan tefoaren songen wy al 'Vol verwachting klopt ons hart ...'. In pear dagen foar Sinteklaas gienen wy wol by de hûzen lâns om snobguod, of in pear sinten, of in botsen, of in stoer, of in dûbeltsje, of ...in kwartsje, of pipernuten. Wat wie't in feest. Lippe de Haan spile Sinteklaas en ik wie dan swarte Pyt om't ik gâns dûnkerder wie, en noch dûnkerder makke wurde mei swarte skuonpoets. Sels yn 'e oarlochstiid kaam Sinteklaas, al wie hy doe wol earmer.

Yn ien gesin wurde Sinteklaze-jûn 1940 wol hiel wat oars as wat sy tochten. De heit wie noch net thús. It wie al tsjuster. Mar noch gjin heit! Op't lêst wurde de sfear al in bytsje oars, fertelde Lisa Kooy (1923-) my lêstendeis. It duorre sa lang foardat heit kaam. Mem en de âldsten wurden knap ûngerêst. Letter op 'e jûn kamen der twa mannen by de doar: Dr. Folkerts en Eppo Kooy, broer fan de heit dy't mar net thús kaam. Dizze mannen brochten in drôve boadskip: 'Der is wat slims bard. Jo man hat in ûngelok hân, en ... hy is ferûngelokke. Hy is der net mear'. Wat in slach. Wat in fertriet. Wurden kinne soks nea fertelle en fertolk-je. In dei of wat letter stie it folgjende berjocht yn de Kollumer krante:

Surhuizum. Donderdagavond ongeveer 8 uur had alhier een droevig ongeval plaats. Toen de ruim 45-jarige winkelier F. Kooij van Surhuisterveen met paard en wagen op weg was naar huis, schoot het stokraam uit de wagen, waardoor de wagen in een sloot terecht
kwam. De heer Kooij geraakte hierbij tusschen de wagen en de wal, waarbij zijn borstkas werd ingedrukt en de dood onmiddelijk intrad.
De deelneming met de betrokken familie is zeer groot.

Alle Sinteklaze-dagen dernei sille letter wol net sa blier en fleurich mear west ha, tink ik. Foaral yn't earstoan net. Sokke dingen bliuwe jo jins hiele libben by. Ik wit noch skoan dat der by ús thús ek oer praat wurde. En yn skoalle ek. Eltsenien koe Fokko Kooy ommers. Syn suster Marijke hat de winkel in jier of wat troch dien en letter hat in sweager fan Fokko, Adriaan de Boer, de saak oernaam.

Ik ha mei twa dochters fan Fokko op skoalle gien: op 't Fean en letter ek op 'e Mulo yn Drachten. Teminsten mei Froukje (1932-). Bertha (1934-), dy't in skoft siik west hat flak nei de oarloch, gie letter nei de Kristlike Mulo op 't Fean. Ik ha dizze famkes nea wer sjoen, mar wol ha ik sa no en dan ris wat heard. Froukje gie nei Canada mar wennet tûzenen kilometers by ús wei. Bertha troude mei Oebele Gjaltema (1932-), dy't in jier of wat ús buorman wie op it hoekje fan de Langeloanne en de Achterwei (Molenweg). En ik ha mei Oebele wol trije jier op de kweek-skoalle sitten. Hy wurde ek skoalmaster en sy wenje no yn Hardenberg.

Miskien skriuw ik noch wol ris in stukje oer de Gjaltema's. Dat is fiere famylje- fan-famylje fan ús, fia Bouwe Franzes Postma en Hiske Jacobs van der Ploeg.

Bertha, dy't by my yn 'e klasse siet by juffer Wesseling en by masters Land, de Jonge, en Tjoelker, is dus in dochter fan de winkelman, Fokko Kooy (1895-1940) en Pietertje van der Horst (1893-1961). Fokko wie berne yn Eibertsburen, as soan fan Jan Eeuwes Kooy (1868-1943) en Froukje Wierdsma (1869-1947), dochter fan Fokke Wierdsma en Marijke Pepernoot. Jan en Froukje gienen yn 1906 nei 't Fean en hienen in skuonwinkel en kappersaak, achter de Feanster toer. Der wienen seis bern yn't gesin fan Fokko en Pietertje: Lisa (1923-), Jan (1925-), Henk (1927-), Joop (1930-), en Froukje en Bertha. Ik stie fersteld doe't ik mei dizze famylje oan't útsykjen wie, hoefolle kanten ik wol net út kin mei dizze Feanster famyljes. In broer fan Fokko wie bygelyks Dirk Kooy (1911-1993) en dy wie troud mei Jacoba Kramer (1914-1994), dochter fan Johannes Kramer (1884-) en Antje van der Veer (1884-). Dizze Johannes wie skilder op t'Fean. Dirk en Jacoba ha in dochter Aukje (1938-) dy't troud west hat mei Tjebbe van Dellen dy't mar 41 jier wurden is (1938-1979). Aukje wennet yn Drachten. Ik ha wol mei har yn kontakt west. Fokko hie in hiele protte broers en susters dy't ek op 't Fean wennen en guons dêrfan koe ik wol. Der wienen wol tsien, tink ik. Wa wit skriuw ik der ek wol ris in stukje oer. Ik woe dit foarfal fan it omkommen fan Fokko dizze kear dwaan om't wy wer rûn Sinteklaas libje.

Jelle yn Kanada