OP ZOEK NAAR ROOTS - 78


'Hast al ris in dûbeltsje fûn, Jelle?' Ik gean alle dagen, faaks al betiid, sa'n kilometer of trije te stappen. Knap flink op. Soms gean ik by de golfcourse lâns, in oare kear de gewoane wei del by ús Trudy lâns, en soms gean ik de tsjinoer-stelde rjochting út nei ús tsjerke. It makket neat gjin ferskil. Alle ôfstannen binne wakker gelyk. Ik stapte op in moarntiid nei ús tsjerke en rûn dwers oer it parkearterrein fan de tsjerke en seach dêre yn 't healtsjuster in dûbeltsje lizzen en krekt eefkes fjirder in kwartsje. Jo fine yn 'e regel gjin sinten by in tsjerke. Ik hie de beide muntstikken yn 'e han en stuts se yn 'e bûse. Doe kaam mei yn 't sin wat meester Land ris tsjin my sei doe't ik as jonkje op it skoalleplein omstapte. Ik wie sawat 7 of 8 jier en siet by him yn 'e twadde of tredde klasse. Meesters seinen yn 'e regel neat tsjin de bern, mar dizze kear sei hy: 'Hast al ris in dûbeltsje fûn, Jelle?' Ik wist fuort wol werom as hy dat sei. Ik wie nochal skruten en wat dimmen froeger, en ik rûn dan faak ek in bytsje mei de holle foardel. Heit sei ek wol ris tsjin my as wy te kuierjen gienen: 'Rin dochs wat rjochter op, jonge, groeist strak hielendal rûngear en bryk.' Dêr doelde meester Land ek op, tink ik. Ik ha dus it dûbeltsje einlings fûn! Ik neamde niiskrekt it kuierjen: dat diene wy as gesin hast eltse sneintemiddei nei tsjerktiid en nei de tee. Mar wy net allinne. It hiele Fean wie faak al op 'e baan. 't Wie allegearre minsken. Hiele húshâldings. Dat wie wol gesellich en it wie gesûn. It iten smakke letter ek better. Mar it wie ek gesûn foar de bân yn in gesin. Wy kuierden yn 'e regel de Grinzer strjitwei lâns nei de buorren, dan op nei de Dellen, dan it Langerek by de stjonkfeart lâns, dan by Djille Bouius lâns en fia de Achterwei wer nei hûs by de Avek, oan de Warreboskleane. Wy troffen dan ek in protte bekenden fansels.

Ja, ik siet twa jier by meester Land yn 'e klasse. Ik herinnerje mei noch it bêste syn fertellen fan de ferhalen út de Bibel. En it tekenjen. Eins wie dat neitekenjen. Wy brûkten lytse, platte, kleurde plestiken foarmkes, wy moasten dy dan neitekenje of leaver wy lutsen dan it poatlead der omhinne en sa koenen jo boatsjes, autootsjes, weinen, eins fan alles, meitsje. En dan letter kleurje fansels. Ik fûn dat wol moai wurk. Wy hienen ek fan dy lytse kleurdoaskes, blau leau ik, mei in stik of tsien, tolve kleurkes deryn. It like ryk yn myn eagen. Dat men dat noch wit sa'n sechtich jier letter. Dat hat wol yndruk makke op my makke, seker, krekt as mei dat dûbeltsje.

Meester Land. J. A. Land stiet yn myn rapporteboekje. Eins wie it Jan Albert Land. Hy koe Frysk prate. Dat wit ik noch wol. Jan Albert Land wie berne yn 1911 yn Stiensgea. Ik hie wol in Jan Land yn de kompjûter mar wist net dat dat Jan Albert wie. Dat hat Tinus Jongsma eefkes foar my útdoktere. Doe't ik dat wist, hie'k de fierdere famylje sels al yn myn kompjûter. Meester Land syn âlden wienen Gerben Land (1863-1940) en Attje Hoeksma (1866-1940). Gerben en Attje ha fest wol 12 bern hân. Attje wie berne yn Eastermar en wie in dochter fan Yttje Gaukes Hoeksma (1841) dy't letter troud wie mei Sjouke Johannes de Vries (1840-1918).

Gerben wie in soan fan Klaas Land (1825-1883) en Jantje Ritsma (1827-1911), en sy wie in dochter fan Hendrik Ritsma (1778-1834) en Ykje Rinkema (1788-1868). Klaas Land wie in soan fan Grietje Steffens Land (1798-1878) dy't letter troud wie mei Harmen Postmus (1792-), en nei Harmen troude Grietje mei Sjoerd Andries Poelstra (1819-1899). Grietje wie in dochter fan Steffen Goslings Land (1763-1833) en Janke Gerbens (1767-1834). Dizze Janke hie in suster Aafke Gerbens (1774-1812) dy't troude mei Klaas Alberts Gorter (1764-1845) en dizze Klaas en Aafke hienen in dochter Janke Klazes Gorter (1812-1893) dy't troude mei Kornelis Rinzes Buursma (1814-1881). Harren dochter Romkje (1841-1929) wie myn oer-beppe. En sa binne meester Land en ik dus hiel yn 'e fierte in hiel lyts bytsje famylje. 'k Ha it nea fernimme kinnen. 'k Ha wol in protte fan en by him leard. In soan fan him, Gerben, wenne, miende ik, ek yn Canada, mar ik kin him net. [Ik brûk it wurd 'meester' om't wy dat altyd sa seinen.]

Jelle yn Kanada