Wy lêze elke moarn út in bibels deiboekje fan ús tsjerken, en yn 'e moanne desimber gie it elke dei oer it libben fan Ruth en Naómi, mar ek oer Boaz. Dat brocht my omtrint elke dei werom nei 't Fean, nei de âlde Grifformearde tsjerke, jierren lyn fansels. De 'Jongelings en Meisjes Ver.' hâlden elke maitiid in soarte jier-fergadering en dan hie ien fan de jongelju in ynlieding oer in Bibel ferhaal of oer in persoan út de Bibel, en dan letter op 'e jûn wie der wol gauris in moai toanielstik. Ik sjoch noch al dy planken dêr flak foar de preekstoel. Ik herinnerje my noch hiel goed it machtich moaie stik 'Nynke'. Minsken, wat koe dy jongerein doedestiids moaie dingen fertoane. Mar no werom nei dy ynlieding. Op in kear wie der in ynlieding oer it boek Ruth, en dat wurde dien troch Gellie Oegema. Teminsten dat stiet my sa foar de geast. Ik wit noch skoan dat sy my meinaam nei de fjilden rûn Bethlehem, nei de pleats fan Boaz, nei it fjild om ieren te sykjen,
ensf. Ik hie dat as jonkje ek wol ris dien. Dus dat spruts wol ta my. It wie prachtich. Ik lústerde mei ynhâlden azem en tocht: wat kin dy Gellie dat moai en rêstich útlizze. Ik wit it hjoed de dei noch dúdlik.
Ik ha letter Gellie eins net folle wer sjoen, foaral net nei 1953 doe't wy nei Canada gienen. 'k Ha har noch wer ris troffen yn it sikehûs yn Drachten doe't myn mem der ferplege waard. Ik koe har op 't earste stuit net mear. Sy wie yn dy goed fjirtich jier wol wat feroare, lyk as wy allegearre fansels. Wy ha doe efkes stien te praten dêre yn it sikehûs.
Gellie (1924-) hat 4 susters: Folkje (1925-), Annie (1928-), Sietske (1936-), Iepie (1939-) en in broer Gerben (1942-). En dan wie der noch in broer Tamme (1935-). Ik neam dat eefkes om't ik yn Canada ek 2 Tamme Oegema's oantroffen ha. De iene Tamme (r.1940-) hat in hinne/kalkoene-buorkerij en is in heldere, tûke baas. Hy siet mei my yn in bestjoer fan Kristl. Skoallen yn Ontario, en is in soan fan Freerk Barteles Oegema. De oare Tamme (1931-1987) wie elektrisiën en wie âlderling yn in tsjerke wêr't ik wolris preekje moast. Dat wie Tamme, soan fan Bartelo Sikkes Oegema. Dizze trije Tamme's kinne mekoar net, mar dochs komme sy wol fan de selde stamme: fan Theunis Sikkes Oegema en Pietje Tammes Kooistra.
Fierder fûn ik út dat Gellie ek in nichtsje op 't Fean hie dy't ek Gellie hiet, nammentlik Gellie Kempenaar, dochter fan de fytsmakker Jan Kempenaar en syn frou Teatske Reitsma. Fjirder is Gellie in hiel lyts bytsje fiere famylje fan my fia in nicht fan myn mem, Aaltsje van der Ende (1904-), widdo fan Egbert Berends de Vries fan Dokkum (1904-1980). Dizze Egbert moast muoike sizze tsjin Folkje Pieters de Vries (1875-1912), beppe fan Gellie Oegema. Egbert wie ris yn Canada en tocht dat hy wol efkes allinne nei de kapper koe. Dat barde dan ek. Hy struts him ris oer de holle doe't de kapper him frege hoe't hy it hier der ôf ha woe.
Egbert ferstie der neat fan want hy koe eins gjin Ingelsk. Hy struts him doe noch ris mei beide hannen oer de holle en sei it iene wurdsje dat hy sa gau betinke koe: All! Dat is ek bard. Der bleau benei neat stean, en Egbert is mei gâns minder hier wer nei Hollân gien. Der is letter wol ris goed om lake wurden.
Gelske (Gellie) is dus in dochter fan Pieter Tammes Oegema (1902-1975) en Jeltje Gerbens Kempenaar (1899-1998) dy't in suster wie fan de fytsmakker Jan Gerbens Kempenaar (1897-1969). Dizze Jan en Jeltje wienen bern fan Gerben Jans Kempenaar (1865-1944) en Gelske Baukes Koning (1871-1942).
Pieter Oegema wie in soan fan Tamme Barteles Oegema (1875-1918) en Folkje Pieters de Vries (1875-1912), dy't in dochter wie fan Pieter Berends de Vries (1842-1905) en Ybeltsje Jans de Jager (1848-1924) dochter fan Jan Ates de Jager en Folkje Taekes Jongsma. Jan wie in soan fan Ate Daniëls de Jager (1778-1859). Pieter wie in soan fan Berend Egberts de Vries en Aafke Jans Monsma. Tamme wie in soan fan Bartele Tammes Oegema en Renske Freerks Feddema. Renske's âlden wienen Freerk Feddes Feddema (1823-1901) en Maaike Arnoldus Ruisch (1824-1899). Dat binne ek foarâlden fan myn frou Ali van der Meulen, en wol fia har oaremem Dieuwke Haalstra dy't ek út dat Feddema-Ruisch nêst kaam.
Dat meditaasjes oer Ruth yn 2001 ús net allinne werom bringe nei Bethlehem, mar ek nei 't Fean. 't Is wol wat.
Jelle yn Kanada