Yn 1933 wurden der trije jonkjes berne, twa op 't Fean en ien yn 'e Ham. Sieb Weening, soan fen Freerk en Ant, yn juli, Lippe de Haan, soan fen Tinus en Tjits, yn oktober, en Jelle Kooistra, soan fen Hindrik en Trien, yn desimber. Yn 1938 ferhûze it gesin Kooistra ek nei 't Fean.
Op ien maaie 1940 stapten de trije bûkemantsjes nei de earste klasse fen de Kristlike Skoalle op 't Fean, yn 'e klasse fen juffer Wesseling dy't har it lêzen, it skriuwen, en it rekkenjen leard hat.
Amper twa wiken letter hienen sy al in pear ekstra frije dagen om't de Dútsers Nederlân binnen foelen. Yn klassen 2 en 3 hienen sy meester Land, yn klassen 4 en 5 meester de Jonge, en yn klasse 6 en noch een fearnsjier yn klasse 7 sieten sy by meester Tjoelker.
Begjin 1946 dienen de trije jongens talittingseksamen foar de Krist. Mulo yn Drachten, en yn Sept. bigûnen de fjouwer jierren fen de Mulo dêre, en yn juni 1950 slaggen alle trije foar it ein-eksamen, dat hâlden wurde yn Hearrenfean.
Sieb begûn kantoarwurk by Riemersma, Lippe holp syn heit yn 't bernewein-reparearjen, en Jelle studeare fierder oan de Krist. Kweekskoalle yn Drachten en wurde ûnderwizer.
De trije jonge mannen wienen en bleaunen by mekoar as freonen, al dy jierren. Sa krigen se ek al ridlik gau aardichheid oan de jonge fammen. Soms gienen se mei mekoar op stap, en faak ek wol bûten 't Fean.
Yn 1951 gie de famylje de Haan nei Canada, yn 1952 gie it gesin fen Freerk en Ant, en yn 1953 it gesin Kooistra. Alle trije belânnen yn Ontario, mar net sa ticht by mekoar det sy mekoar geregeld troffen. Lippe wurde 'highschool' learaar, Sieb wurde een earste klasse mitselder, foaral fen mooie skoarstienen binnendoar, en Jelle wurde ûnderwizer/haed fen Krist. Skoallen yn Ontario.
De trije jongfeinten trouden, Sieb fûn Siets, Lippe fûn Ina, en Jelle fûn Ali. Alle trije krigen ek bern fen de Heare: Lippe fjouwer, Jelle fiif, en Sieb krige acht bern.
Yn novimber 1958 trouden Sieb en Siets, en Lippe en Jelle wienen ek presint.
Presiis op 'e kop om't ôf fjirtich jier letter, wienen de trije freonen wer by mekoar yn een seal yn Holland Marsh wer't Sieb en Siets wenje. Earst een hearlik diner en letter wat stikjes en wat sjonge. In hiele moaie jûn, en wer in protte herinneringen ophelle fansels. Alle bern fen Freerk en Ant wienen der ek. Omtrint alle jonges ha snie wyt hier en guon lykje een protte op Freerk. Sieb fertelde noch hoe 't hy noch faek tinkt dat wy sâ'n goeie oplieding hân ha op de Mulo: fjouwer talen, boekhâlden, natuurkunde, wiskunde, ensf. Genoch om jin te rêdden yn forskillende lânnen en op in protte terreinen fen it libben.
Alle trije freonen binne by de tsjerke bleaun en ek alle bern geane trou nei tsjerke. Ek hawwe se alle trije mei holpen om it Krist. ûnderwiis yn Ontario oan 'e gong te krijen. Harren eigen bern haw ek Krist. ûnderwiis hân. Dat moasten de âlders sels bitelje yn Ontario.
Lippe makket plannen om een réunie klear to meitsjen foar it jier 2000 om it fyftich jierrich jubiléum fen ûs eksamen klasse fen de Mulo te fieren yn Drachten.
Noch efkes dit: De kompjûter fortelt my dat Sieb en Jelle yn 'e fierte famylje fen mekoar binne. Se komme by mekoar yn Bareld Barelds [de Jong] (berne roun 1740) dy't 'betovergrootvader van Sieb syn heit wie, en in 'oudoom' fen Fokje Pieters Riemersma, 'betovergrootmoeder' fen Trijntje Hamstra, de mem fen Jelle. Sieb stamt ôf fen een soan, Bareld, fen Bareld Barelds en Tietje Jans, en komt 6 geslachten letter, wylst Jelle ôf stamt fen een dochter fen Bareld Barelds, Antje Barelds, en komt 8 geslachten letter. Lippe is oan't nou ta noch gjin famylje fen de oare beide freonen. Sieb syn jongste broer Harry is troud mei de âldste dochter fen Sjirk, broer fen Jelle.
Jelle yn Canada