OP ZOEK NAAR ROOTS - 83


Wat is der feest fierd yn 'e Ham krekt nei de oarloch! Mar net allinnich yn 'e Ham. Oeral wienen der befrijdings optochten want de minsken moasten fan blydskip en tankberens feestfiere, sy woenen harren uterje en úttjirgje fan wille en mal- lichheid. Sy moasten wer laitsje nei fiif jier fan bangens, noed en soarch. Op 't Fean hienen wy ek in optocht en alle bern mochten op weinen sitte dy't fersierd wienen mei bremerheide, koetsekraal takken, en dinnebeam takken. Wy binne it hiele Fean rûn riden, troch Koartwâld hinne, en troch de Poes, leau'k.

By Jehannes van Minnen yn 'e timmerwinkel yn 'e Ham wienen se ek drok oan 't wurk om in miniatuer arbeidershûs te meitsjen, boppe op in platte wein. Der kamen grutte iepen ramen yn sadat de bern fan Jehannes en Trien, fan Marten en Sjouk Kalsbeek, en fan Wytze en Anna de Jong, mei de âlden yn dat hûs stean koenen te swaaien nei it folk.

Alle-Pakje, eins Alle van der Wal, ek in timmerman kaam ek ris eefkes te sjen hoe fier as it hûs al wie. Ynienen hie hy in nij idee:' No moatte jimme efter dit hûs op 'e wein nóch in húske sette (hy brûkte in oar, in bytsje platter wurd dat mei in 's' begûn), sûnder doar, en dan moat Trien der op sitte!' Der wurde hiel bot om lake en it like Trien fuort wol wat ta. Dy mei wol oer in grapke.

En sa is't kaam. Alle syn húske dat altyd efter syn hûs stie, is op 'e fersierde wein kaam. Midden yn de lange optocht fan fersierde boereweinen ried it miniatuer hûs op 'e platte wein mei in hynder derfoar dat mend wurde troch Wytze de Jong. Yn it hûs op 'e wein sieten of stienen de bern mei de âlden, en sy wiuwden omraak nei de hagen fan minsken lâns de kant fan de wei. Mar it moaiste kaam as in grutte ferrassing foar eltsenien as de wein krekt foarby wie, want dan seagen de minken ....Trien mei har lange rokken en in moaie witte floddermûtse op fan Beppe Eke van Minnen, yn al har hear en fear, op it húske fan Alle-pakje sitten....mei de doar wagen wiid iepen. En Trien mar swaaie en wiuwe nei de minsken! It folk geide en skattere it út fan wille. Soks hienen se noch nea sjoen. It wie foargoed feest yn 'e Ham.

Lêstendeis fertelde Trien my dit ferhaal noch ris wer, en no't se al goed 80 jier is, wie se noch suver slop fan it laitsjen om dat foarfaltsje yn 'e Ham yn 1945, al mear as 50 jier lyn. 'Wat ha se lake', sei se, 'Se skatterden it út!'

Wa is Alle-Pakje eins? In soan fan Klaas-Pakje! De bynamme Pakje kaam om't Klaas froeger mei't pak rûn. Hy ferkocht kleanguod, tekkens, elastyk, ensf. oan de min-sken, en ried elke dei in oare kant út. Hy hie ek in lyts winkeltsje yn 'e Ham.

Alle syn dochter Marijke (1954-), dy't troud is mei Marten Tjallings van Minnen (1953-), hat my gâns holpen om de famylje van der Wal wat út te plúzjen. Dat foel net mei om't der hiel wat Alle's wienen sa troch de jierren.

Alle (1907-1985) wie dus in soan fan Klaas van der Wal (1865-1945), en hy wie troud mei Ankje Kramer (1921-), dochter fan Jelte Kramer (1889-) en Ankje Veltman (1890-). Alle syn mem wie Anna Jans Veenstra (1870-1928) dochter fan Jan Melles Veenstra (1816-1898) en Riemkje Folkerts Bruining (1826-1903). Anna hie earder troud west mei Geert de Jong dy't seeman wie en earne oan de kust fan Noarwegen omkaam is doe't it skip fergien is. Klaas hie ek earder troud west mei Yfke de Vries (1863-1897) dy't koart nei de berte fan harren dochter Marijke (1897-) ferstoarn is. Klaas syn âlden wienen Alle Simens van der Wal (1829-1894) en Froukje Sytzes Zijlstra (.....). Hy hie ek noch in broer Jan, dy't master wie.

Dit noch efkes: ik hie in tante Tiete van der Wal, dy't troud wie mei Sierk Kooistra, in broer fan myn heit. Tiete (1919-1990) komt ek út dizze van der Wal famylje fia har mem, Ynskje van der Wal. (1885-) Sierk en Tiete hienen in soan Alle (1950-), myn neef, dy't wer in soan Sierk hat. Dizze Sierk Kooistra is keeper en hat wol foar Hearrenfean spile en ek wol foar de Harkemasse Boys. 'k Seach syn namme lêstendeis noch op it Internet.

Jelle yn Kanada

[Oant sjen op 't Fean, de 23ste maart, yn de Lantearne, fan 10-4]