OP ZOEK NAAR ROOTS - 85


Wy binne wer teplak yn Kanada. In pear dagen lyn brocht in mânsk fleantúch ús fan Hollân wer nei Ottawa. Wat is dat eins in machtich wonder: omtrint 300 minsken yn it yngewant fan ien sa'n grutte fûgel! Jo fernimme sawat neat: rêstich wat sitte, wat drinke, wat ite, wat prate, wat lêze, en as it wol wat sliepe. Fryslân! Wat ha wy genoaten en wat ha wy in skoandere tiid hân. Oeral wêr't wy kamen, wurden wy knap ferwend.En wat wie it moai waar, en de hiele natuer begûn al te libjen en te bloeien. No sitte wy wer yn in wrâld dy't noch lang net klear is foar de blommen en de fûgels. It duorret noch wol in moanne foardat wy nij libben sjogge. Mar dan giet it ek hiel fluch.

Twa wiken lyn wienen wy yn Surhústerfean foar dy spesiale dei, foar dat "Iepen Hûs", om de lêzers fan Roots te moetsjen. It wie kostlik waar en alles amme frede op dy Sneontemoarn dêr rûn en yn de Lantearne op 't Fean. Myn frou en ik wisten net rjocht wat de dei bringe soe: soenen der wat minsken komme? Ik sei: "Miskien wol 10, wa wit wol 15." Sy tocht fan wol folle mear. En sy krige wol gelyk!

It duorre mar eefkes en der wienen de earsten al: Douwe en Atty van Slooten út Gerkeskleaster. Al gau kamen der mear. Der kaam in man op my ôf dy't ik net koe, lyk as safolle oaren dy deis. It wie Pier de Boer út Dútslân. Hy hie dy moarns al 350 km. riden. En in skoftke letter stie dû. Kees de Boer út Enschede foar my, en doe kaam in âldere man. Dat wie Djoerd de Waard út Zwolle, mei syn dochter Atty út Heelsum. En dêr wie ... Baukje van der Wijk út Kompenije, en Ankje Visser út Ljouwert, en Wobbe Bouma út Surhuzum, en Wobbe en Hiltje Veenstra, en Siete de Jong, en Jille Laanstra en syn frou út Oerterp, en ... de van der Weg's út Gerkeskleaster. En minsken út Drachten, út Droegeham, út Harkema, út de Grinzer Pein, ensf. En dêr wie ynienen Jan Boomsma mei syn frou Griet earne út Grinslân. Dat is de man dy't as jonge froeger in lyts famke út de Drachtster feart rêd hie en har libben sparre. Allegearre minsken dy't ik wol ris neamd of beskreaun ha yn Roots, mar eins noch nea sjoen hie. Feest fansels. Wat is dat moai.

En dêr wie Melle Holthuis út Harkema. Ik liet him eefkes sjen op myn laptop-kompjûter hoe't syn famylje en dy fan syn frou al moai yn de kompjûter sieten, en ek noch wat oare nammen.... Hy stie ferwûndere te sjen. Ynienen sei hy: 'Aansens witte jo ek noch hoefolle sinten ek ha, tink!" Ik sjoch no noch wer ferskate minsken foar my. Tefolle om op te neamen.

Dêr wie Aukje út Bûtenpost, Riekje út Harkema, Bouwe en Alice út Drachten, Anna en Sjoukje út 'e Ham, it hâlde mar net op.

Ik stie mei ferwûndering te sjen as minsken op my ôf kamen en fregen: " Kinst my noch wol?" Fyftich jier hat ús allegearre wol bot feroare. Ik hie meastal wol wat help noadich om op de namme te kommen. Wat in feest al dy minsken te treffen. It gie fier boppe myn tinken út. Wat ha ik genoaten, en Ali ek! It fielde lyk as wy allegearre famylje fan mekoar wienen.

Der kamen ek hiel wat Feansters en âld-Feansters. Ik neam sa mar in rychje: Jilt van Eik, Joeke de Jong, Piet Atsma, Sjouke Ploeg, Andries Tuinstra, Jelle en Mattie Bruining, Luit en Jan de Vries, Tietje Drost, Jeltje Bonnema, Coby Weening, Klaas van Kammen, Annie de Jong, Jasper Pool, Miny de Haan, Douwe Talstra, Albert Huizinga, Aukje Kooy, en noch folle mear.

Doe't Ali en ik letter op 'e dei it rychje noch wer ris lâns gienen, kamen wy op mear as 80 nammen. Ik kin se net allegearre neame yn dit stukje foar ROOTS, mar minsken, jimme binne like belangryk as dy selden dy't ik al neamd ha. 'k Tink dat jimme it ferslach fan dy dei, dat Dirk Kooy skreaun hat, wol sjoen ha yn de Feanster. Hy hat dat hiel kreas dien, krekt sa't it wie.

Ik wol by dizzen eltsenien betankje foar it kommen en foar it slagjen fan dizze dei. En ...ek foar de blydskip dy't jimme ús joen ha. Ek tank oan de genealogyske ferieniging dy't dizze dei organisearre hie, en dan foaral tank oan Tinus Jongsma. It wie geweldich. It wie in dei dy't wy net gau wer ferjitte. Ik ha ek wer nije gegevens krige en ek wat ferhaaltsjes foar de takomst. Jimme kommen seit my noch eefkes troch te gean mei Roots. Oer twa wiken wer in gewoan stukje.

Jelle yn Kanada