Wat ha ik al in protte neikommelingen fûn fan Dû. Atzo Nicolai dy't froeger dûmny wie fan de Herfoarme Tsjerke fan Droegeham. Sy sitte oeral yn 'e wrâld. Der bin hûnderten, ja, tûzenen minsken dy't werom gean kinne en harren 'root' fine yn dizze dûmny fan 'e Ham. Yn it Genealogysk Jierboek 2000 hat Reid van der Ley fiif generaasjes fan it neiteam fan dizze dûmny beskreaun. 'It is in mânsk neiteam wurden', neffens Reid. Hy seit ek dat der fêst noch wol mear te finen binne, en dat er dat oan oare sneupers oerlit. Ik hie sels al in protte fûn, ek al om't myn heit en mem beide fan dizze dûmny ôfstamje. 'k Ha ek útfûn dat er sels yn Noard Amearika ferskate fan dit neiteam binne, en ... der sitte ek dûmny's ûnder: ranken dus út de âlde stamme. Sa binne of wienen der yn de Christian Reformed Church yn N.Am. fêst trije dûmny's dy't sizze kinne of koenen dat se it selde wurk dogge of dienen as harren foarfaar út de Ham. Ien derfan is dû. Jacob
Hielema dy't ek op 't Fean stien hat en no yn Brits Columbia wennet. Syn âld-beppe wie Houkje Waatzes Nicolai (1790-1879). Syn frou is ek in Nicolai, n.l. Aukje Rienks Nicolai (1928-), en sy hie in broer Pieter Nicolai, dy't ek dûmny wie, mar krektlyn hommels ferstoarn is. Dizze Pieter en Aukje bin soan en dochter fan Rienk Gooitzens Nicolai (1897-1982), dy't yn de tweintiger jierren nei Kanada gien is mei syn frou Anna Wytzes Benedictus (1900-1990). Hy wie in soan fan Gooitzen Pieters Nicolai (1870-1918) en Jinke Rienks de Boer (1871-). Dizze minsken buorken achter de Herfoarme Tsjerke. Myn mem is berne yn in hûs neist dy Nicolai-pleats.
En no ha ik noch in neikommeling fûn dy't al 93 jier âld is en ek út dizze Nicolai famylje komt. Hy wennet yn Amearika en is ek dûmny. Syn beppe wie in Nicolai, en sy wie in dochter fan Ruurd Gooitzens Nicolai (1771-1847) en Ettje Johannes Douma (1784-1860). Dizze âlde dûmny hiet Peter van Tuinen en hy is in soan fan Jacob van Tuinen (1901-1985) en Gertrude van Vessem (1908-1999). Dizze Jacob wie professor yn 'e filosofy, en wie in soan fan Johannes van Tuinen (1863-1929) en Lena van Houten. Johannes wie yn 1881 yn Amearika kommen mei syn heit Jacob van Tuinen (1833-), hiel froeger skuonmakker yn Ie, en syn mem wie Geertje Ruurds Nicolai (1823-), dochter fan Ruurd en Ettje. Ik ha yntusken it hiele gesin fan dizze Ruurd en Ettje útdoktere, en oan no ta ha ik 6 famkes fûn: Folkje, Hiltje, Johanna, Lijsbeth, Neeltje, Baukje en Geertje, mar gjin jonges. Alle-gearre Nicolai-famkes dus. Ik ha ek harren mannen fûn en ferskate fan de bern fan dizze spantsjes. Allinne Baukje hie gjin
bern. Sy is mar 15 wurden.
Dit hiele spul begûn doe't ik in e-mail krige fan in omke-sizzer fan dû. Peter van Tuinen. Hy hie myn website (www.geocities.com/jkooistraca) fûn en doe seach hy de namme Nicolai yn myn spullen. En sa krige ik in nustje fragen fan him. Fan it iene kaam it oare, en doe ha ik it foar him útsocht. Dizze Peter, de omke-sizzer, is goed 50 jier âld, en hat al ris in reis út Amearika makke en hat yn Ljouwert west op it argyf, mar koe syn foarfaars net rjocht fine. Dat falt ek net mei yn in frjemde taal. Hy wit no syn foargeslacht en folle fjirder tebek as hy ea tinke kinnen hie. It wie wat muoiliker om't de namme Nicolai froeger ek wol ris skreaun wurde as Nicolay, Niklaas, Nikolaas, Niclaas, Niklas, en miskien noch wol oars. It moaie wie dat ik syn takke al hie oan dy Ruurd en Ettje ta, mar gjin bern fan harren. Hy hie dus de iene dochter, syn âld-beppe Geartsje, en no bin der sa mar ynienen 5 oare dochters. En ... Peter wit no syn hiele staach. Ek dat syn Amerikaanske takje part en
diel is fan in grouwe beam dy't bergen takken hat de hiele wrâld oer. Ik tink dat der noch wol oare bernsbern fan Ruurd en Geertje nei Amearika gien binne, û.o. fan Lolkje dy't troud wie mei Sjoerd Heringa want de jongere Peter hat dy nammen wol ris heard of sjoen. It kin soms frjemd rinne. In broer fan dy Ruurd Gooitzens is Klaas Gooitzens Nicolai dy't troud wie mei Hinke Halbes Haijema. Marten Haijema, de betûfte en presise sneuper út Assen, sil wol mear witte oer dizze takke. Dit noch: ik bin wol gjin dûmny mar ik preekje wol gau ris. Dat sil ek wol fan dy preekfeint út de Ham komme, fia de Ikkers (Hamstra) en de Boskwei (Kooistra).
Jelle yn Kanada