OP ZOEK NAAR ROOTS - 87


'Jonge, wat bist dû moai brún wurden!' Dat wie it earste dat myn mem sei doe't ik ús hûs wer binnen stapte nei in wike fan útfanhûzjen yn Eastermar. Ik hie dêr by myn omke Pieter, de smid, west en hie him holpen om fan alderhande spullen oer te bringen fan syn âlde smidderij nei in grutter pân oan de E. M. Beimastrjitte nûmer 17 yn Eastermar. 'k Hie dagen oan 't skiften en sortearjen west fan roastige moeren, bouten, skroeven, ensf. Doazen fol fan dat âlde spul, en dan brocht ik dat op in platte kroade nei syn nije pân, in pear hûzen fjirder. Prachtich wurk wie dat foar in jonge fan 12, 13 jier. Ik makke it my sels sa drok dat der wie deagewoan gjin tiid om my elke dei te waskjen, en tante Froukje sei der ek neat fan. Skrippe, ite, sliepe! Ik hie myn slinger! Doe't de wike foarby wie, bin'k wer nei 't Fean stutsen, sa brún as in bij. Gjin wûnder fan al dat roastige âlde izer. Doe't mem útfûn dat it rust wie, yn pleats fan brúnens fan de sinne, kaam der wat oars los fansels. 'k Sil dy selde jûn noch wol yn 'e tobbe west ha, en bjinne fansels! Mem koe der net by dat tante Froukje der net mear op stien hie om dy smoarge jonge oant waskjen te krijen.

Dit foarfaltsje kaam my yn 't sin doe't ik in skoftke lyn prate mei Aukje Veltman, frou fan Jelle van der Meulen, út Bûtenpost. Ik hie al ris in mailtsje fan har krigen oer har âld-omke Tseard Atsma, en fan it iene komt faaks it oare. Sy fertelde my ek dat sy sels út Eastermar kaam, en doe fertelde ik har dat ik dêr froeger wol gauris kaam om't wy dêr noch al wat famylje hienen, lyk as Elle-klokje, Elle Wijma, de klokmakker, en Piet-smid. Doe sei Aukje ynienen, 'No, dat is ek tafallich. Dat hûs fan de smid ha ik ek yn wenne. Myn broers en susters binne allegear út dat hûs wei troud!' Dat wie it pân mei de ESSO benzinepomp foar de doar. Letter wennen Rinze en Anneke, Aukje har âlden, op it Harstepaed flakby Durk en Gep Hoekstra. Durk en Rinze gienen wol gauris te kegeljen nei Burgum. Gepke is in nicht fan myn mem.

Aukje is in dochter fan Rinze Veltman en Anneke Atsma, en sy is troud mei Jelle van der Meulen út Burgum. Jelle is klerk by in notaris en sy wenje yn Bûtenpost. Doe't Aukje my fertelde dat har man in 'van der Meulen' wie, wie ik fuort in bytsje nijsgjirrich fansels wat foar 'van der Meulen' dat wêze koe, foaral om't myn frou ek in 'van der Meulen' is. Ik ha dat letter wat fjirder útpluze en no blykt dat hy en Ali gjin famylje binne, mar ... dochs komme sy wol earne by mekoar, mar hiel oars as dat ik earst tocht. Jelle van der Meulen (1952-) en Jelle Dijkstra (1939-) binne wol famylje.

Mar wa is Jelle Dijkstra eins? Dat is myn sweager dy't yn Kollumersweach wennet.

Lit my no ris begjinne mei Jelle van de Meulen en wat stagen tebek gean. Dizze Jelle (1952 -) is in soan fan Jelle Pieters van der Meulen (1911-) en Hielkje Rooda (1912-). Dit pearke hie 13 bern en Jelle wie op ien nei de jongste fan de alve jonges. De heit wie in soan fan Pieter Pieters van der Meulen (1878-) en Sjoukje Admiraal (1883-), en dizze Pieter wie in soan fan Pieter Jelles van der Meulen (1837-1900) en Baukje Pieters Postma (1844-1900). Pieter wie in soan fan Jelle Wybrens van der Meulen (1793-1843) en Janke Harmens Veenstra (1797-1882). Pieter hie in âldere broer Jelle Pieters van der Meulen (1867-1944) dy't troud wie mei Rinske Jelles Bouma (1865-1934). Dizze Jelle en Rinske hienen in dochter Baukje (1896-1971) dy't troud wie mei Popke Harms Dijkstra (1894-1964), en dit pearke ha wenne yn Kollumersweach. Sy hienen in jonkje Jelle dy't hiel raar oan syn ein kommen is doe't hy goed 11 jier âld wie. Syn heit wie oant sichtsjen mei in flymskerpe sichte en doe is dat jonkje te ticht by heit yn 't hjouwerlân kaam en doe hat de punt fan de sichte him rekke yn 'e hals. De heit hat him troch it fjild, al rinnende, nei in hûs sjoud, fjirtjin hûndert meter dêrôf, mar it wie te let. Lytse Jelle (1922-1934) sei noch tsjin syn skriemende heit dy't wol seach dat it stjerren wurde soe: 'Heit, ik stjer net, want ik gean nei Jezus!' Sa'n sterk ljeuawe hie dat jonkje. In jier of wat letter krigen dizze swier-besike en bedrôve âlden wer in jonkje en sy neamden him Jelle. En dat is no myn sweager út Kollumersweach dy't mei Foekje, in suster fan Ali, troud is. Jelle en Foekje ha suver in paradyske dêr achter it spoar.

Jelle yn Kanada