OP ZOEK NAAR ROOTS - 90


‘t Wie simmerdei, in moaie dei;
Ik hie sa’n moed, koe alles tille;
‘k Siet foar ús doar en tocht my bliid,
En breide en song fol nocht en wille.

Dit moaie Fryske ljeafdesliet is froeger makke troch Auke Boonemmer (1823-1894) en hat fjouwer koepletten. It hiele ferske kaam my yn’t sin doe’t ik hearde dat ús froegere buorman Jan Elzinga fan’t Fean yn ‘e iere maitiid fan dit jier ferstoarn wie. Eins mar twa dagen foardat myn frou en ik yn Hollân oankamen yn maart. Doe’t Jan rûn tweintich jier âld wie en nei de jongfeinten ferieniging fan de Griffermearde Tsjerke fan’t Fean gie, ha hy en in kammeraat dit hiele ferske ris song op in jierfergadering fan de J.V en M.V. Ik sjoch yn myn gedachten dy twa kreaze mannen noch stean te sjongen op in grut podium dat makke wie flak foar de preekstoel yn de tsjerke op ‘e Dellen. It ferske dat dizze twa jongfeinten mei ynmoed songen, spriek my hiel bot oan en ik koe my dat hiele tafriel fan dat breidzjende famke en dy tsjeppe feint klear en dúdlik foar de geast krije. Letter ha ik it hiele ferske út ‘e holle leard en song it wol gauris as ik as jongfeint troch de moaie, beamrike Wâlden fytste. ‘k Sjong it noch wolris as ik noflik op myn rydende gersmasine sit en de Kanadeeske wâlden wat oersjoch en bewûnderje. Dan geane myn tinzen noch wolris nei froeger, nei Fryslân, en nei âlde freonen.

Jan is letter soldaat wurden en moast ûndertsjinst en gie nei Yndië ta. Doe’t hy nei in pear jier werom kaam, koe men wol fernimme dat dy reis en dy kriich dêrre him wol parten spiele hienen. Dat wie ek gjn wûnder as jo betinke dat dy jonges sa fier fuort sieten, noch sa jong wienen, en dan altyd dat gefaar fan de ûnsichtbere fijân trochstean moasten.

Jan krige ferkearing mei in knap famke, mei Metsje Martsje Meetsma. Letter trouden sy en krigen fiif bern: Ridzerd, Grietje, Antje, Hille, Boukje.

Jan hat eins altiid op ien plak wenne, op ‘e Warreboskleane. Ik ha Jan nea wer sjoen sûnt 1953, mar ha foarige hjerst noch eefkes mei him praat fia de tillefoan. Ik moast wat gegevens ha oer de Elzinga en Meetsma famyljes fan Jan. Doe fertelde hy my ek dat hy en syn âldere suster Martsje de ienigen fan harren gesin wienen dy’t noch oerbleaun wienen. Martsje is troud en wennet al jierren yn Leens. Har man hiet Lammert Huizinga en sy ha trije dochters. Fan’t maaitiid ha ik noch eefkes mei Martsje praat. Sy hat froeger wolris hûswarre by us doe’t wy noch fan dy lytse dogenieten wienen.

Jan (1927-2002) wie in soan fan Ridzerd Sakes Elzinga (1897-1975) en Antsje Klazes van Dellen (1895-1970). Ik ha wol faker wat skreaun oer de famylje Elzinga en lit dy dizze kear mar lizze. Antsje wie in dochter fan Klaas van Dellen (1852-1917) en Martsje Hendriks Gorter (1856-1929). Dizze Klaas wie in soan fan Karst Durks van Dellen (1811-) en Hinke Sytzes Zondervan (1808-1881).No gean ik fjirder mei Metsje Meetsma (1932-) dy’t in dochter is fan Hille Meetsma (1901-) en Grietsje van Dellen (1904-). Grietsje wie in dochter fan Jehannes Durks van Dellen (1874-) en Metsje Sytzes Baron. Jehannes wie in soan fan Durk Ruurds van Dellen (1840-) en Rinskje Haayes Wijma, en dizze Durk wie in soan fan Ruurd Durks van Dellen (1816-) en Tryntsje Jacobs Hoeksma (1818-1897). En ... Ruurd Durks wie in folle broer fan Karst Durks van Dellen, beide soannen fan Durk van Dellen en Detsje van Dam. En sa binne Jan Elzinga en Metsje Meetsma dus fiere famylje fan mekoar. Jan en ik komme by mekoar by de Gorter-famylje.

[Ali en ik ha krekt twa wiken nei Amearika west nei de synode fan ús tsjerken. Der lei wer in fracht e-mails doe’t wy thús kamen.Eefkes geduld graach.]

Jelle yn Kanada