OP ZOEK NAAR ROOTS - 91


It wie April 1945. De kanadezen rieden mei tanks en oar oarlochs-rydark Eastermar binnen, hiel foarsichtich, de mitrailleurs klear, alle kanten útsjend, kamen se doe flak foar it hûs fan Roelof Groenewoud, en ... dêr gie de doar iepen ... de mitrailleurs draaiden nei de iepen foardoar ... en dêr stie Jan Groenewoud, in jonge fan 13 jier flak foar de driigjende lopen fan it oarlochstúch. Ien soldaat hoegde mar krekt in finger wat strakker te lûken en Jan soe der net mear wêze. Mar der barde gelokkich neat. Jan sil wol eefkes goed yn 'e knipe sitten, tink ik, doe't hy dat sjitark seach.

Wy hienen grut feest yn Williamsburg yn it begjin fan juny want ús tsjerke hie 50 jier bestien. Der kamen bergen minsken en ek Jan Groenewoud en syn frou Mona út Brockville. Doe't hy my fertelde wa't hy wie en syn namme neamde, tocht ik fuort oan Eastermar fansels. En doe sy hy: 'Jo komme fan 't Fean, net? Dêr ha ik twa susters te wenjen: Geertsje (1936-) en Aaltsje (1938-). Dat sei my earst neat, mar wol nei't Jan sei: 'Ús Hiltsje is troud mei Atze van der Veen (1931-), soan fan Freerk en Harmke, en ús Geertsje is troud mei Atze Voorhorst (1932-), soan fan Fokke en Geertsje. Dy twa Atze's koe ik wol fansels want dy gienen mei my op de Kristlike skoalle op 't Fean. Dizze beide neven binne neamd nei harren pake Atze van Wieren.

Jan Groenewoud fertelde my noch mear ferhaaltsjes oer syn jongesjierren yn Eastermar. Sa fertelde hy my ek dat der krekt nei de oarloch net folle sterke drank te krijen wie. Mar sa no en dan koe Roel Groenewoud yn Drachten wolris in flesse bemachtigje by Meekma. Hy kaam geregeld yn Drachten as frachtrider. Roel brûkte sels gjin drank mar hy hie in pear klanten yn Eastermar dy't dat spul wol graach mochten. Jan wie noch mar in jonge fan goed 13 jier en moast dan soms in flesse fan dat sterke guod nei in klant bringe earne yn 'e lannen achter de Snakkebuorren. Roel Groenewoud sei tsjin Jan: 'As hy it net ha wol, nimst it mar wer mei. Der binne wol oaren dy't it wol graach ha wolle.' Dy klant wie aardich optein doe't hy Jan seach mei de flesse bewuolle yn in brune pûde, mar it foel him wat tsjin doe hy seach dat it net it kleare spul wie, mar 'bessenjenever'. Hy sei: 'Dit soarte spul dogge widdo's oer de pudding, Jan, mar ik net.' Jan sei: 'It hindert niks, ik nim it wol wer mei.' Mar doe sei dy klant: 'Nee, jonge, ik spylje dit kear foar widdo en ik hâld it moai. Hoe folle sinten moast ha?'

Jan (1932-) wennet net sa fier by ús wei, in lyts oerke riden, en wy ha dy middei moai sitten te petearjen oer Eastermar en oer de famylje.

Hy is in soan fan Roelof Groenewoud (1896-1978) en Sjoukje de Vries (1903-1987). Roel wie frachtrider en hie in boadetsjinst op Ljouwert en Drachten. Yn de oarloch foarderden de Dútsers syn frachtauto en doe moast Roel him rêde mei hynder en wein. Roel wie earst troud west mei Sytske de Vries (1904-1928) mar sy kaam te ferstjerren mei har earste poppe yn 1928. In pear jier letter troude Roel mei Sjoukje, in âldere suster fan Sytske. Roel kaam oarspronklik út Gaasterlân en syn famylje lit ik no mar eefkes lizze. Mar de famylje de Vries út Eastermar is my better bekend. Sytske en Sjoukje wienen dochters fan Idsge Pieters de Vries (1865-1947) en Marijke Heidsma (1866-1959). Idsge wie in soan fan Pieter Jurjens de Vries (1827-1883) en Hiltsje Idsges van der Ploeg (1837-1896). Dizze Hiltsje hie in broer Atze (1845-1931) dy't troud wie mei Hendrikje Jeltes Mozes (1843-1923). Dizze Atze is de foarheit fan Atze van der Ploeg, de redakteur fan de Feanster.

Pieter Jurjens de Vries hie ek in soan Rinze (1877-1967) dy't troud wie mei Hinke van der Kuip (1877-1970). Harren soan Pieter is de heit fan Rinze de Vries (1935-) dy't troud is mei myn nicht Janny Kooistra (1937-) dy't froeger oan de betonwei wenne yn Harkema. Sy is in dochter fan Klaas en Aaltsje. Rinze wie learaar yn Dokkum. En sa binne Jan Groenewoud en ik dus lang om let dochs noch by mekoar kommen, al nimt it wol hiel wat tiid om it út te sykjen.

Jelle yn Kanada