OP ZOEK NAAR ROOTS - 92


Wa hie no ea tinke kinnen dat myn frou en ik samar in wykein by Marilyn Zandstra trochbringe soenen yn Hudsonville, in de steat Michigan. Fan 't maaityd doe't wy dy spesjale dei yn Surhústerfean hienen, troffen wy Melle Holthuis út Harkema. In dei of wat letter bin ik by dizze man op besite west en ha ik gâns in bult papieren fan him meikrigen. Dat wienen nammen en datums dy't hy troch de jierren opskarrele hie. Ik nim myn pet ôf foar dizze betûfte sneuper dy't dat allegearre dien hat sûnder kompjûter en sûnder gebrûk fan oare stambeammen. Minsken, wat hat dy man in grou stik wurk ferset. Hy joech my al syn paperassen mei om dy ris op myn gemak troch te nimmen en yn myn kompjûter te triuwen. Melle fertelde my dat hy wol kontakt hân hie mei minsken yn Amearika en ek wol yn oare lannen.

Doe't ik wer thús wie yn eigen hûs en dy Holthuis-papieren wat trochnaam, foel myn each op in namme dy't my hiel bekend foar kaam, nammentlik dokter Ben Zandstra. Yn 1978 wie ik ôffeardige nei de synoade yn Grand Rapids en doe siet ik yn in wurkgroep mei in húsdokter Zandstra út Hudsonville. Dat wie in hiele aardige man. En no seach ik dy namme samar yn de papieren fan Melle Holthuis, en ...de dokter wie fiere famylje fan Melle!

Ik ha it hûs fan de Zandstra's opskille fan 't maaitiid en doe krige syn frou oan de tillefoan. Sy fertelde my dat har man twa jier lyn ferstoarn wie oan kanker. Sy hie bergen gegevens oer de famylje Zandstra en sy fertelde ek noch dat sy en har man jierren lyn by Melle west hienen doe't hja in reis makken nei it heitelân en it hûs fan de Zandstra's, nammentlik Fryslân en ek Harkema en 't Fean. Harren foarheit wie yn april 1891 nei Amearika gien, mar de bern en bernsbern wisten noch in protte oer Fryslân!

Ik moast dizze simmer wer nei de synoade en doe ha myn frou en ik der in pear dagen by nommen en sa kamen wy by Marilyn dy't ús beslist hâlde woe. Wy fûnen yn dizze widdo in echt bern fan de Heare en wy ha genoaten fan ús besite dêr. Wy bin ek mei har nei tsjerke west. It foel my op dat de measte Zandstra's nei tsjerke geane, sterk steane wat it ljouwe oangiet en ek it kristlik ûnderwiis stypje. Ik hearde fan Marilyn dat fan dy iene Zandstra der no in leger Zandstra's as neiteam binne. Der sitte arbeiders ûnder, en boeren, en dokters, en leararen, en dûmny's, en advokaten. Yn Grand Rapids, flak by Hudsonville, wenje omtrint in heal miljoen minsken. Der binne mear as 50 grifformearde tsjerken en ek mear as 50 herfoarme tsjerken. Jo treffe de namme Zandstra oeral dêre yn dy streken.

No giet it spesjaal om Bartele Zandstra dy't yn 1891 de oséaan oerstutsen is as reizger op de Veendam. In jier letter troude dizze jonge Fries mei Trijntje de Ruiter dy't hy yn Chicago troffen hie, en dit spantsje krige 16 bern! Jo koenen wol in boek skriuwe oer Bartele, mar dat moat hjir mar net.

Ien fan de soannen fan Bartele wie Sjouke of Charles (1902-) dy't troude mei Sepkje Folkerts (1906-) dy't fan Grinzer ôfkomst wie. Sjouke hie in soan Benjamin (1928-2000), de dokter, dy't troud wie mei Marilyn Vos (1927-).

Hoe is Melle no famylje fan al dit Amerikaanske Zandstra-folk? [Wat soe Melle opsjen as hy dy grutte famylje sjen soe! Ferskate fan dy minsken koenen de namme fan Melle hiel skoan.]

Bartele wie in soan fan Hans Zandstra (1834-1872) en Liskje Nauta (1834-1873), en Hans wie in soan fan Bartele Oedzes Zandstra (1779-1865) en Janke Blom (1798-1873). Bartele syn heit wie Oeds Aukes Zandstra (1740-) en dy wie troud mei Sjoukje Sjoerds. En no geane wy nei Melle Holthuis syn takke, want Oeds en Sjoukje hienen noch in soan, nammentlik Melle (1782-1872) dy't troud wie mei Hiltje van der Bij, en dizze minsken hienen in soan Oeds (1823-1913) dy't troud wie mei Joukje Roels Zandstra (1822-1907). Harren dochter Geertje Oedzes Zandstra (1856-1936) troude mei Hendrik Holthuis út Harkema (1849-1922) en sy krigen in soan Teunis Holthuis (1890-1967) dy't troude mei Geeske Pitstra (1894-). Teunis en Geeske wienen de âlden fan Melle dy't no yn Harkema wennet. Troch him ha ik no in machtich protte Zandstra's yn de kompjûter.

Jelle yn Kanada