OP ZOEK NAAR ROOTS - 93


'Ik soe leaver tsien bern krije as ien ferlieze.' Dat sei Wytske Houwink ris, de frou fan Japik Nauta, dy't 17 bern op 'e wrâld brocht. Japik en Wytske buorken froeger yn 'e Mieden ûnder Surhuzum, mar binne yn 1947 al nei Kanada gien. Sy lieten fjouwer jonkjes efter op it tsjerkhôf by de Herfoarme Tsjerke yn Surhuzum. Yn 1935 ferstoar harren lytse Roel dy't noch mar tsien moanne âld wie. De grutte klap kaam yn 1944. Op de twadde augustus krigen Japik en Wytske trijelingen: Sytze, Wytze en Fokke. Alle trije hienen in goed gewicht. De kranten út dy tiid seinen: 'In het gezin van Jacob Nauta en Wytske Houwink werd op 2 augustus 1944 een drieling geboren. Het waren het 14e, 15e en 16e kind van deze ouders. Nog 15 waren in leven. 'Moeder en kinderen maken het goed'. De burgemeester van Achtkarspelen bracht voor ieder een spaarbankboekje van 25 gulden mee tijdens een bezoek.'

De trijeling is al gau ferstoarn: twa jonkjes op 18 novimber en de tredde op de 22ste novimber. De sarkjes steane noch moai te plak op it âlde tsjerkhôf. In dei of wat lyn krigen wy besite yn Williamsburg fan Abe Nauta en syn frou Hiltsje Veenstra. Abe is de âldste fan dizze grutte keppel fan bern en is no ek al 75 jier âld. Hy hie heard dat ik in protte gegevens yn de kompjûter ha, ek oer de fam. Nauta, en hy woe wol graach wat mear witte oer syn foarfaars. Ik moat sizze dat hy ek al aardich wat spullen by mekoar skarrele hie oer syn famylje. Ik krige in kopy fan alles wat hy hie en dy gegevens sitte no ek yn de kompjûter. Abe woe ek graach witte oft syn famylje froeger ek in 'familie-wapen' hie. Der koe ik him net mei helpe. Wit in lêzer it miskien?

Abe fertelde noch dat hy froeger yn Gerkeskleaster op de Kristlike skoalle gien hie en dat de húshâlding nei de Herfoarme Tsjerke gie yn Surhuzum. Ik wit noch skoan dat myn heit wol oer Japik Nauta prate froeger en dat hy en Japik doedestiids ek wol oer emigraasje praat ha. Wy hienen ús papieren ek klear yn begjin 1948 mar wy bin doe dochs net fuortgien. Pas yn 1953 gienen wy de grutte dobbe oer. It foel my op dat ferskate fan it neiteam fan Japik en Wytske mei Kanadezen troud binne, en jo sjogge dan ek hiel oare nammen. Mar ek mannich ien is troud mei in Hollander. Sa seach ik dat ien fan de famkes fan Abe en Hiltsje troud is mei dû. David Feddes, de man dy't de radio en televyzje oertinkingen en programma's fersoarget fan de Christian Reformed Church.

Abe syn frou Hiltsje (1931-) is berne yn Twizelerheide, en is in dochter fan Gerrit Egberts Veenstra (1902-1984) en Ida Sybrens van der Veen (1905-1972). Gerrit wie in soan fan Egbert Gerrits Veenstra (1873-1950) en Tjitske Martens Klopstra (1878-1910). Ida wie in dochter fan Sybren van der Veen (1878-1953) en Hiltsje Aukes Smid (1879-1941).

Abe (1927-) is dus in soan fan Jacob Abes Nauta (1903-1970) en Wytske Houwink (1907-1960) dochter fan Hidde Hindriks Houwink (1864-1913) dy't berne wie yn Sumar en Fopkje Barelds Bijma (1888-1966) berne op 't Fean. Jacob wie in soan fan Abe Jacobs Nauta (1867-1939) en Romkje Dirks Wonderman (1875-1915). Dizze minsken wennen froeger yn Harkema. Romkje wie in dochter fan Dirk Wonderman (1833-1885) en Romkje Sekema (1833-). De Wondermannen wennen froeger yn Grinzer Pein. Abe wie in soan fan Jacob Abes Nauta (1822-1898) en Dieuwke Douwes Douma (1830-1878). Dizze Jacob wie arbeider en boer yn Droegeham. Hy wie in soan fan Abe Jacobs Nauta (1791-1858) en Trijntje Jans Braaksma (1794-1854). Dizze Abe hie in lyts boerespultsje yn Ingwierrum. It geslacht Nauta giet noch fjirder efterút en it blykt dat yn de sechstjin-santjin hûndert de Nauta's boaten bouden yn Burgum.

De Nauta's yn Ontario dogge fan alderhande dingen en jo fine se yn ferskate plakken yn Ontario en ek wol dêr bûten. Sy kamen yn Ontario oan yn 1947 en ha earst wakker yn de bieten skrept en dêre harren earste dollars fertsjinne. Japik krige al gau syn eigen buorkerij. In protte Nauta's wenje tichteby Chatham yn Súd Ontario. Abe praat it Frysk noch tige goed! Dat komt ek om't syn frou Frysk praat.

Jelle yn Kanada