OP ZOEK NAAR ROOTS - 94


'Dizze sop smakket mar bêst. It falt der yn as in goeie preek yn in âlderling.' Dat sei K. Steegstra út Smellinger Pein okkerdeis doe't hy op besite wie yn Williamsburg, yn Ontario. Hy wie dêre mei syn frou en noch sa'n tweintich oaren, allegearre minsken fan in groep fan "In de Voetsporen" ûnder lieding fan Jan en Pytsje Jongsma út Burgum. Tusken in bakje kofje en letter lekkere sop en farske broadsjes hienen in pear emigranten wat ferhelle oer harren jeugd yn Fryslân en ek oer it libben yn Kanada as emigranten. Ien fan dy twa spreksters wie Titia de Vries-van der Veen, dy't jierren lyn ek juffer west hat yn Gerkeskleaster. Sy neamde yn har petear dat har heit learaar west hie oan de Kristlike Mulo yn Drachten en dat harren húshâlding letter nei Ljouwert gien wie. Dat hearden wy allegearre fansels, mar ien fan de oanwêzigen yn de groep lústere mei tsien pear earen. Dat wie Gepke van der Meer-Douma út Burgum. Nei it referaat gie sy al gau eefkes nei Titia ta en begûn wat te freegjen oer Titia har heit, de learaar. Ynienen sei Gepke tsjin Titia: 'Jo heit wie de beste learaar dy't ik ea hân ha. Ik hie him yn myn earste jier op de Mulo yn Drachten yn 1937-1938. En doe fertelde sy in moai foarfaltsje wat Titia hiel bliid makke om't it har heit hiel moai skildere. Gepke fertelde: 'Ik wie noch mar 12, 13 jier, wie hiel lyts foar myn leeftyd ['k bin noch lyts!], ik wie sa lyts dat ik hie grouwe blokken hout oan de trapers fan myn fyts. It hie ris bot snijd en it waaide in stoarm dy moarns. It foel net mei om fan Burgum nei Drachten te fytsen foar in lyts famke lyk as ik. It kaam der op oan. Mar wy setten troch en wy kamen einlings yn Drachten oan, mar wol fiersten te let fansels. Ik wie in bytsje bang om it lokaal binnen te stappen en ik tocht wat sil de learaar wol net sizze. Ik kloppe op de doar, stapte binnen mei reade wangen, en doe sei menear van der Veen: 'Sjoch ris oan! Hast it oprêd! Alle hulde oan lytse Gepke, jonges, omdat dy mei sok min waar hjir dochs kommen is!'

Dat sei jo heit, Titia, en de klasse klapte yn 'e hannen en it die my hiel goed dat hy my sa temjitte kaam! 'k Ha it nea wer ferjitten.

Titia glundere en fûn it prachtich fansels dit oer en fan har heit te hearren, mear as 60 jier letter.

Der wienen fansels ek oaren yn dy groep en in pear dêrfan koe ik al ridlik gau te plak krije. Gepke hie ik jierren lyn al ris troffen yn Ljouwert. Sy komt út it laach fan Popke Durks van der Velde (1787-1837). Der wie ek in Doutzen Kooistra-Atsma út Burgum dy't ik al ris frege hie om gegevens oer de famylje Atsma. En der wie ek in frou dy't oarspronklik út Eastermar en eins ek út Droegeham kaam. Dat wie Aaltsje Piso-Postmus (1931-) út Stynsgea. Sy is no in widdo nei't har man Herke Piso ferstoarn is yn 1992. Hy kaam út Warns en wie dêr berne yn 1932. Sy fertelde my dat sy in pakesizzer wie fan 'dikke' Marten Postmus fan de Lytsewei. Sa kamen wy dus al gau op bekend gebiet. Har heit wie Wopke Postmus (1903-1952) en har mem wie Martha de Vries (1903-1984), dochter fan Gabe Jacobs de Vries (1873-1958) en Aaltsje Jans Hoekstra (1882-1944).

Aaltsje har heit Wopke wie dus in soan fan Marten Wytzes Postmus (1874-1951) en Froukje Wopkes Hoekstra (1875-1951). Marten en Froukje buorken earst earne yn 'e lannen tusken Harkema en de Ham, mar dy pleats is ôfbaarnd. Letter wennen sy oan de Lytsewei flak by de Kristlik Grifformearde Tsjerke.

No soe ik ferskate kanten út kinne, bygelyks Postmus, of Hoekstra, of de Vries, mar ik folgje de Hoekstra's eefkes. Froukje Wopkes Hoekstra hie in suster Hindrikje (1871-1940) dy't troude mei Wieger van der Veen (1874-1916). Wieger en Hindrikje krigen ferskate bern, ien dêrfan wie Sibbeltje (1911-1995) dy't troude mei Sipke Krol (1909-1987). In jier of wat lyn lei Sibbel yn Drachten yn it sikehûs of sy wie yn Bertilla. Dat wit ik net sa krekt mear. Dêr ha ik doe in soan fan har troffen, nammentlik Ludzer. Fan in broer fan Hindrikje en Froukje, nammentlik fan Jan Wopkes Hoekstra (1874-1971), ha ik wol neisaten oantroffen yn Kanada. Wopke, in soan fan Jan en Froukje Andries Nicolai (1874-1971) hat fêst twa soannen yn Kanada dy't ik beide wol ris troffen ha: Fred (1939-) en Alle (1935-). De wrâld is mar lyts bytiden.

Jelle yn Kanada