OP ZOEK NAAR ROOTS - 95


'De Heare jout Syn bern wol gauris in lyts tikje, mar soms ek wol ris in goeie fûle mep!' Dat sei in âldere frou ris doe't in famylje by mekoar kaam wie en it ûngelok besprutsen wurde wêryn in jonge mem út dy famylje omkaam wie. Ik wie noch aardich jong en dat klonk my wol wat frjemd en hurd yn 'e earen. Soe God sokke dingen dwaan? 'Hij straft ons maar naar onze zonden niet' songen we wol faak yn tsjerke. 'k Ha der letter wol gauris oer neitocht en it eins nea wer fergetten. Wy ha ek in soan fan 20 jier ferlern. Henry wurde oanriden troch jonges dy't te folle dronken hienen. Hy rekke hjir op slach wei.

Dy útdrukking fan dy frou kaam my ek yn 't sin doe't ik siet te blêdzjen troch de lange lysten fan nammen fan minsken dy't ferstoarn binne yn de 1800's en 1900's yn de doarpen fan Achtkarspelen. Deka Miedema, in learaar út Bûtenpost, hat de gegevens fan alle grêfstiennen te boek steld mei help fan oaren ferwachtsje ik. Wat in machtich stik wurk. Hy hat my lêstendeis sa wat alles tastjoerd nei't ik him oantrof op dy spesjale dei yn maart yn Surhústerfean. Yn dy lysten fûn ik twa nammen dy't my en ek in protte oaren bot oansprutsen ha, nammentlik de twilling famkes fan Tsjomme Boksma en syn frou Baukje Kloetstra út Droegeham: Antsje en Beitske. Dizze famkes wienen noch mar 17 jier âld doe't it ierdske libben yn ien klap oer wie foar beide. Ik hie se froeger, as jonge, wolris sjoen as ik by myn omke Jelle Hamstra, de bakker oan de Lytsewei, út fan hûs wie. Tsjomme en syn frou en ek de beide famkes wennen neist myn omke en tante, krekt op 'e hoeke fan de Lytsewei yn Droegeham. Hy wie hinneslachter. Begjin 1962 wienen de beide famkes troch harren heit nei Bûtenpost brocht nei in feestje en hy soe se letter op 'e jûn wer ophelje. Op it feestje troffen se de jonge ûnderwizer, ek in Tsjomme Boksma, in jongere neef fan harren heit. Dy bea oan dat hy harren wol eefkes nei de Ham bringe woe en dan tagelyk útsjen oft se harren heit ek tsjinkamen. Op in gegeven eagenblik ha se Tsjomme sjoen dy't op wei wie nei Bûtenpost. Se swaaiden gau de auto en rieden achter Tsjomme oan en soenen him ynhelje en fertelle hoe en wat. Doe is der wat mis gien en rekke harren auto op 'e kop yn in gracht flakby de buorkerij fan Beerda ûnder Twizel. Ûnderwylst ried de heit Tsjomme nei Bûtenpost en hearde dêre dat de famkes mei syn neef Tsjomme meigean wienen, en hy ried wer op 'e Ham oan. Mar doe seach hy minsken op 'e dyk en yn 'e berm, want der wie in ûngelok bard. Hy stoppe en stapte op de minsken ôf en ... seach dêr syn beide famkes yn 't gers lizzen. Wat in slach! Wat in freeslike slach! Dat is yn gjin wurden te beskriuwen wat in âlder dan meimakket! Letter fûnen de minsken de jongere Tsjomme ûnder de auto yn 'e grêft en hy wie ek ferstoarn. Tsjomme syn âldere suster Betske fertelde my krektlyn: 'Myn broer is nea de âlde wer wurden. Hy is der eins nea wer boppe útkaam.' Dat kin ek hast net. Sokke dingen snije hiel djip!
Hiel yn 'e fierte bin ik in lyts bytsje oantroude famylje fan Tsjomme Boksma. Hoe? Fia Hart Hamstra. Lit my dat noch eefkes útlizze.

De twa famkes wiene berne op 20 maart 1944 en ferstoaren op 13 jannewaris 1962. Sy wienen de ienichste bern fan Tsjomme Boksma (1916-1987 ) en Baukje Kloetstra (1917-1990) dochter fan Marten Kloetstra en Antje Dijkstra. Tsjomme wie in soan fan Louw Boksma (1892-1972) en Beitske Hoekstra (1894-1982). Dizze minsken hienen ek in dochter Betske (1923-) dy't troud is mei Hart Hamstra (1922-). Hart en Betske wienen 55 jier troud in july fan dit jier. Hart is in soan fan Alle Hamstra (1894-1955) en Hendrikje Boersma (1892-1934). Dizze Alle wie in soan fan Harm Hamstra (1852-1930) en Martje Helder (1857-1954). En Harm hie in broer Pieter Hamstra (1849-1888) dy't troud wie mei Aaltje Johannes Kramer (1845-1928). Dat wienen de pake en beppe fan myn mem. En sa binne wy dus fiere famylje fan Hart Hamstra en ek in bytsje fan de Boksma's.

Dit kaam allegearre wer yn de gedachten troch dy grouwe boeken mei lange rigen fan nammen fan Deka Miedema. Minsken, wat steane der in bulte nammen yn fan minsken dy't ik wol kinnen ha. En allegearre al fuort! Wannear wy? En hoe? Binne we klear?

Jelle yn Kanada