De lêste tiid ha ik wol gauris tocht hoe lokkich al dy stambeam-ûndersikers yn Achtkarspelen eins binne. Wêrom? Der wenje yn dy gemeente in pear mannen dy't mânske kompjûters ha mei hûndert-tûzenen nammen. Ik hoech mar in kik te jaan nei Tinus Jongsma fan 't Fean en meastal krij ik deselde dei of deselde wike al in antwurd. Ik ha sels ek gâns wat spullen yn myn kompjûter mar soms ha jo eefkes help nedich en dan is Tinus yn 'e regel de earste dy't ik oanklamje. Ik bin fan't maitiid by him yn 'e hûs west, dêr boppe yn 'e hoannebalken, wêr't hy syn moaie kompjûter-keamerke hat mei syn argyf. Dik yn oarder. Der sit hiel wat spullen en alles is hiel netsjes en presiis fersoarge. Tinus hat no sels ek in prachtich website dat 'linked' is mei dat fan my: www.geocities.com/jkooistraca
Dat fan Tinus is te finen op : http://members.ams.chello.nl/m.jongsma3
Dy oare persoan dy't my ek hiel bot holpen hat mei gegevens, foaral út 1800 en 1900, is Deka Miedema út Bûtenpost. Deka hat benei alle gegevens fan in ûnbidich oantal grêfstiennen fan de tsjerkhôven fan Achtkarspelen yn syn kompjûter. En hy helpt my foaral moai út mei de nammen en datums fan minsken dy't begroeven binne yn Achtkarspelen oer de lêste hûndert jier. De Burg. Stân lit net alles sjen oan oaren.
Neist dizze mannen bin der noch etlike oaren dy't ek in protte gegevens ha, lyk as Reid van der Ley en Marten Haijema. Mar Achtkarspelen hat ek in ferieniging foar stambeam-ûndersikers. Soks kin in oar ek moai helpe.
Tinus skreau my lêstendeis ris dat myn stukjes yn ROOTS der tige ta mei droegen hienen dat de ynteresse foar stambeam-ûndersiik danich grutter wurden wie yn Achtkarspelen. Ik wie bliid mei dat komplimintsje fan in man dy't it witte kin.
Ik ha dizze stukjes foar ROOTS no al mear as fjouwer jier fersoarge. Mei niget! Noch in pear kear en dan ha wy nûmer 100. Ik tink wolris om der mei op te hâlden mar as der dan wer nije fragen komme, gean ik mar wer fjirder. No soe ik yn de folgjende wiken wolris hearre wolle wat de lêzers der fan tinke: trochgean of ophâlde? Ik soe wol graach jimme reaksje witte wolle.
No wat oars: Ik ha noch ferskate fragen hjir lizzen en miskien binne der wol minsken dy't tinke: 'Jelle hat ús spullen seker oan kant lein, want we hearre nea wat.' Ja, ik ha yndied in protte dingen oan kant lein, mar net fuort smiten! Ik hoopje der wol wer op werom te kommen. Der lizze noch in protte ferhaaltsjes te wachtsjen. Mar soms komt der ynienen wat nijs binnen en dan giet dat wolris foar.
Ien fan de heechtiiddagen foar my wie dy spesjale dei op 't Fean yn de iere maitiid. Minsken, wat wie dat moai en wat in nammen bin der by kaam. Dêr moat ik noch ferskate stukjes oer skriuwe. Al myn ferhaaltsjes foar ROOTS steane no ek op it Internet op myn website en no komme der ek fragen út mear lannen en út fiere wrâlddielen. It skynt dat de Friezen oer de hiele wrâld sitte. Wat my opfalt mei al dy minsken is dat se - sels nei ferskate generaasjes - noch grutsk binne dat se Fries binne, faak noch wol in bytsje Frysk prate kinne, sels Frysk lêze kinne, teminsten guons. Doe't ik froeger op 'e Kweekskoalle siet yn Drachten joech ien fan de takomstige masters yn myn klasse in 'speech' oer Fries en Fryslân, en hy eindige syn betooch mei dizze wurden: Wy Friezen binne oars, wy binne better! Dat woe der wol yn by de Fryske klasgenoaten. Guon jonges út oare provinsjes roppen net sa lûd fansels.
Of de Friezen better binne wit ik net. Alle folken ha goede en minder goede minsken. Mar it is wol in folkje dat wiis is op eigen provinsje, eigen taal, eigen kultuer, eigen karakter. Ik bin bliid dat ik in Fries bin. Nei 46 jier yn Kanada praat ik noch altyd yn myn persoanlik gebed mei Heit yn de taal fan mem.
Tinus en ik bin eins net famylje mar dochs kin ik ús wol wat by mekoar bringe, nammentlik by Bareld Barelds de Jong (1767-1840). Dat giet dan fia Grietje Jongsma (1901-1988), Jan Mijnheer (1893-1938), Trijntje Barelds de Jong (1852-1925), ensf. Mar dêr is no gjin rûmte foar.
Al eefkes witte litte oer: trochgean of ophâlde.
Jelle yn Kanada