OP ZOEK NAAR ROOTS - 97


'Ik byn dizze reade bûsdoek oan dy beam foar hûs en dy moat der krekt sa lang sitten bliuwe oant ik wer thús kom, of kom te ferstjerren'. Sokssawat moat Haaye Oldenburger út Surhuzum froeger tsjin syn heit sein ha doe't hy syn âlden fertelde dat hy nei Amearika gie. Dat stie de âld man hiel min oan. Halbe wie der pûr op tsjin en it sil der wol hurd om wei gien wêze yn dat âlderlik hûs. Hoe't it allegearre presiis op-en-ta gien is, wit nimmen fansels. Dy reade bûsdoek hat lang yn 'e beam sitten en tsjinne wol as in oantinken. Der is eins ek net iens ôfskie nommen. Wat meitsje minsken it mekoar soms muoilik. Hurde hollen!

Haaye is doe fuort gien! En net allinnich! Hy en syn faam, eins syn nicht, hienen seker in bytsje ûndogensk west want Reintsje wie yn ferwachting, wat sy allinnich wist. It ferhaal giet dat sy doe stikem alles klear makke ha foar Amearika, trein en boat regele ha, en doe tegearre op stap. It skynt dat sy de deis doe't se fuortgyngen, elk apart fan hûs gien is op wei nei de trein yn Bûtenpost. Reintsje wie mar krekt op tiid op it stasjon en fuort gyng de trein al. Dat sil wol hiel wat opskuorring feroarsake ha en der sil ek wol lang oer praat wurden wêze, mar it jonge spantsje wie fuort. It wie iere maitiid 1893. Sy binne nei Rotterdam gien mei de trein, doe op dy machtich grutte boat, de 'Maasdam', en sa de wide oseaan oer. Sy kamen op Ellis Island by New York oan en gyngen troch, nei wat letter de staat New Mexico wie. Dêr binne se troud op de twadde maaie fan 1893 en dêr krigen sy trije bern: Halbe, Anne en Janke. Haaye hat buorke yn New Mexico. Wat in reis moat dat west ha foar dit jonge spantsje út it lytse doarp Surhuzum: de oseaan oerstekke, doe yn 'e trein, al hielendal troch it wylde westen fan Amearika nei in ûnbekende takomst!

Wol is it in feit dat Reintsje al twa broers yn Amearika hie: Jan Postma (1865-) en Haaye Postma (1869-). Of sy dy broers letter wol ris sjoen hat, wit ik net.

Dit hiele ferhaal krige ik tastjoerd fan in sekere John Nauta út Amearika. Hy wurket by de brânwacht yn Wyoming, flakby Grand Rapids yn de staat Michigan. Hy hie myn website fûn en ....ek de stukjes fan ROOTS. Dêr hie hy ek it stukje lêzen oer Nauta en ek ien oer Oldenburger. Hy komt nammentlik ek út it Oldenburger nêst. John hat wol kontakt mei soannen fan de Amerikanen Halbe en Anne.

John skreau dat hy ek in fanatike genealooch is en al hiel wat spullen hat oer syn famylje. Hy hat ek al ris yn Fryslân west en hy hie ferline jier ek noch yn Surhuzum west wêr't syn âld-pake Tjeerd Sytzes Nauta (1872-1941) en syn âld-beppe Hindrikje Halbes Oldenburger (1874-1949) wei kamen. Dêr yn Surhuzum hie hy ek mei Jasper Pool praat dy't fiere famylje fan him is. Wat is it wrâldsje eins mar lyts want ik ha fan't maitiid ek mei dy selde Jasper Pool praat op 't Fean doe't wy dy spesjale dei hienen foar ROOTS. Doe't ik noch in jonge wie wennen wy net iens sa malle fier fan Jasper syn pake Jasper Pool (1883-1948) en beppe Ybeltsje Steffens Dijkstra (1880-1963) ôf.

John Nauta joech my tastimming it ferhaal oer Haaye en Reintsje te brûken foar Roots. Hy hie it heard fan syn heit, dy't it ek heard hie fan syn heit Sytze Tjeerds Nauta. Dy hie de reade bûsdoek wolris hingjen sjoen yn 'e beam froeger. Hy hong der noch doe't âlde Halbe ferstoar yn 1910. De beam en de bûsdoek sille der beide wol net mear wêze, tink ik.

No noch eefkes wat famylje besjen. Haaye (1867-) wie in soan fan Halbe Barelds Oldenburger (1842-1910) en Jeltje Haayes Postma (1843-1880). Jeltsje kaam út it nêst mei tolve bern fan Haaye Kornelis Postma (1802-1881) en Hiltsje Roels Poelstra (1805-1892). Jeltsje wie ien fan de jongsten en sy hie in âldere broer Anne (1832-1858) dy't troud wie mei Janke Jans van der Ley (1839-1917). Anne is mar 49 jier âld wurden. Reintsje Postma (1875-) wie in dochter fan dizze Anne en Janke, en dus in folle nicht fan Haaye, om't Haaye syn mem Jeltje en Reintsje har heit Anne, broer en suster wienen.

Ik neamde niiskrekt Jasper Pool ek. Jasper is in soan fan Anne Pool (1911-1970) en Lutske Tjeerds Nauta (1909-1970). Lutske hie in broer Sytze (1896-) dy't troud wie mei Antje Franzes Bos (1900-1999). Dizze minsken ha in soan Pieter (1926-) dy't yn Amearika wennet en dat is de heit fan John Nauta dy't my dizze ferhalen oer Haaye en Reintsje tastjoerde.

Jelle yn Kanada