OP ZOEK NAAR ROOTS - 98


In hiel nustje minsken ha réagearre op myn fraach oer de stukjes fan ROOTS. Allegearre seinen se: trochgean! Dus dêr hoegde ik net sa lang oer te prakkesearjen. Betanke, freonen, en ik sil myn bêst dwaan wat mear ferhaaltsjes op te skarreljen. 'k Bin bliid dat safolle lêzers eefkes de oseaan oerstutsen binne om my dat te fertellen.

De lêste pear jier ha ik sa no en dan in mailtsje krigen fan Liekele (Lieko) Helmus dy't yn Hilversum wennet mei syn frou Rinske Deutekom. Eins komt syn hiele famylje út Harkema. Sels is hy berne yn 'e Folgeren by Drachten yn 1940. Ik bin wol aardich op 'e hichte mei de Helmus famylje, foaral troch Hindrik en Stien Helmus út Kornhorn, en ek troch harren soan Auke út Doezum.

Lieko hat my al ris wat ferhaaltsjes stjoerd oer syn bernetiid.

Mar earst eefkes dit: al wennet hy yn Hilversum, hy kin Harkema eins net ferjitte. Hy skreau sawat in jier lyn: 'Doe't ik lêstendeis yn Harderwyk wie om de Harkemase Boys spyljen te sjen tsjin WOG, rûn ik ynienen tsjin in âld fakânsje-kammeraat oan, nammentlik Taeke Spinder dy't froeger ek oan de Betonwei wenne. Lieko skreau ek noch dat der in lyts leger Harekieten mei de Boys meikaam wie om harren wat oan te fiterjen.

Doe't Lieko 2 jier âld wie ferhûzen syn heit en mem en de bern nei Amsterdam wêr't syn heit Lieuwe wurk krigen hie. Hy fertelde dat se dan faak de simmer fakânsje trochbrochten yn Harkema by de beide pakes en beppes: Pake Ate en Beppe Vogel oan de Betonwei en by Pake Liekele en Beppe Siets oan de Feartswâl, flak by Albert Buma syn spul. Om-ende-by 1948-1949 gyngen se wolris by nacht mei de Lemsterboat. Dat wie in hiele reis fansels fan Amsterdam nei Harkema. Fan 'e Lemmer fytsten se dan it hiele ein op âlde fytsen nei Harkema ta. By Aldehaske song Lieuwe dan steefêst eefkes 'Yn 'e Hâske hinget in barch yn 'e beam ..."! Soms namen se de trein ek wolris fan Amsterdam nei Bûtenpost, en dan helle Pake Ate mei omke Hindrik it Helmus-gesin op mei hynder en wein. It wie al donker op in kear en earne tusken Bûtenpost en Harkema smieten wat ûndogenske jonges in stikelbaarch midden tusken de bern op 'e wein. Grutte panyk fansels. Dat kin ik my wol foarstelle. Ien fan de moaiste herinneringen hat Lieko oan Hindrik molkrider, of sa't Beppe Vogel altyd sei: Hindrik fan Hibmoui (dat wie Hindrik Storm, soan fan Sjouke Storm en Hebeltsje Land). Lieko mocht dan wolris mei dy Hindrik mei nei it molkfabryk op 't Fean. Dat wie feest foar him.

Ik ha hiel wat Helmus-nammen yn de kompjûter, ek al om't Lieko my hiel wat spul tastjoerd hat. No ha ik útfûn dat Lieko en ik wol by mekoar te bringen binne. Lieko is berne yn 1940 en is in soan fan Lieuwe Helmus (1913-1998) en Lolkje Storm (1916-1983). Lolkje wie in dochter fan Ate Jetzes Storm (1887-1969) en Vogeltsje Hindriks Land (1887-1970). Lieuwe wie in soan fan Liekele Lieuwes Helmus (1888-1975) en Sytske Johannes Smeding (1895-1973). Liekele en Sytske hienen beide in bynamme folgens de stambeam dy't ik krige fan Lieko. Mar dy neam ik mar net, al sei Lieko dat it wol mocht om him. In protte minsken hienen dat froeger op dy doarpen, lyk as Surhústerfean en Grinzer Pein.

Lolkje Storm hie in suster Tryntsje (1926-) dy't troud wie mei Hindrik Klazes Douwes (1923-1986). Neffens Lieko is Tryntsje of Nynke in troue lêzeres fan ROOTS. Sy wennet yn Bûtenpost.

Hindrik wie in soan fan Klaas Johannes Douwes (1889-1991) en Janke Hindriks Vriezema (1891-1974). Dizze minsken wennen froeger oan de Betonwei yn Harkema. Hindrik syn suster Aaltsje (1918-1993) wie troud mei Klaas Kooistra (1916-1997), in broer fan myn heit. En sa komme Lieko en ik dus by elkoar.

Lieko komt ek út it selde nêst as Auke Helmus út Doezum. Lieko syn pake Liekele wie in soan fan Lieuwe Hindriks Helmus (1857-1938) dy't yn Grinzer Pein wenne. Lieko syn âld-beppe wie Hiltsje Pieters Ruiling (1863-1912). Lieuwe en Hiltsje hienen ek in soan Hielke Helmus (1892-1955) dy't troud wie mei Johanna Mellema (1893-1945). Dizze minsken ha in soan Hindrik (1926-) dy't troud is mei Stien van der Hoek, en Auke út Doezum in harren soan. [Wy ha lêstendeis Wobbe en Hiltsje út Surhuzum op kofje besite hân. Letter mear oer dy minsken.]

Jelle yn Kanada