Doe't ik krekt nei de oarloch op 'e Kristlike Mulo siet yn Drachten hienen wy in learaar foar Frânsk dy't sigaren rookte as wienen it sigaretten. Ik sjoch him noch sitten foar ús klasse, de reak goed djip ynsûgje en dan de longen yn, en in hiel skoft letter kaam it der einlings wer út. Dat wie noch ris roken, tocht ik doe. Djipper koe it hast net. It gie suver oan 'e teannen ta. Letter koe ik it ek wol. Slim eins. Wy seagen der doe neat gjin ferkeards yn.
Dêr moast ik oan tinke doe't wy aardich ûnferwachts besite krigen, in moanne of wat lyn. Op in moaie simmermoarn, om kofjetiid hinne, stoppe in moaie wein neist ús hûs en dêr rûgelden fjouwer minsken út. Allegearre ús leeftyd sa'n bytsje. As sy neat sein hienen, hie ik der net ien fan kinnen. Gelokkich hienen se de jûns tefoaren eefkes skille. Dus wy wisten wa't komme soenen, mar net hoe't se der út seagen fansels.
Dizze minsken kamen eins om wat paperassen op te heljen. Fan't maitiid hie Melle Holthuis út Harkema my in bult papieren meijûn oer syn famylje stambeam. Ik hie him beloofd dat se op de iene as oare manear wol werom komme soenen. Mar hy seach sels in kâns om dat moai te regeljen. Fiere famylje of âld-klanten fan him, tink ik, soenen in reis nei Ontario meitsje. Dêr wie Melle syn kâns. Ik hie al in faks út Harkema krigen mei it nijs dat de papieren wol ophelle wurde soenen.
En dêrom kamen Wobbe en Hiltsje by ús op it hiem. Dizze minsken komme út Surhuzum en wienen hjir op besite by fiere famylje en freonen. Omtrint fjouwer wiken ha se troch Ontario reizge. Sy wienen ek by de âld-Surhuzumer Pietersma bruorren op besite. Dy deis wienen se mei Albert Pietersma en syn frou op stap en kamen sa by ús yn 'e omkriten en doe wie it fansels hiel handich om eefkes de paperassen fan Melle op te heljen. 't Koe hast net moaier.
Myn frou hie al gau de kofje brún en dy moarns bin wy yn in pear oeren it hiele Fean en Surhuzum eefkes by lâns west. Mar wy bin net klearkommen. Eins koenen we noch wol in hiele dei prate. Hiltsje, in bliere frou, kin it wol pratende hâlde. Sy wie ek mei jan-en-alle-man op 'e hichte. Geweldich, wat in ûnthâld!
En sa mar ynienen neamde sy dat har Beppe in van Halen wie. Noch eefkes fjirder prate en ja, dêr wienen we al by Ette Jan van Halen, myn sigaar-smokende learaar op 'e mulo yn Drachten.
Wobbe en Hiltsje wienen dus by Albert Pietersma. Dat is eins Dr. Albert Pietersma, professor yn âlde talen oan de universiteit yn Toronto wêr't ús jongste soan ek studearret. Albert is ien fan de bern fan Liekele Pietersma en Martsje Cazemier dy't froeger sawat hjelwei Koartwâld en Surhuzum wennen. Twa fan harren jonges binne professor wurden: Hendrik en Albert.
Foardat de besikers wer op stap gean binne, ha se earst noch wat kiekjes makke en ha we in slach om't hûs dien. It wie in hiele gesellige moarn sa mei mekoar.
Wobbe Veenstra (1932-) is in soan fan Albert Veenstra (1901-1950) en Tryntsje Kootstra (1903-1962). Dy famylje komt oarspronklik út Hoogkerk yn Grinslân.
Hiltsje Loonstra (1935-) is in dochter fan Sipke Loonstra (1908-1977) en Fetje van der Veer (1912-1993). Fetje is in dochter fan Johannes van der Veer en Hiltsje Halbes Oldenburger, en dizze Hiltsje wie in suster fan Haaye, de man fan de reade bûsdoek yn 'e beam en dy't mei syn faam Reintsje nei Amearika gyng yn 1893. Johannes en Hiltsje krigen 16 bern. ['k Ha ek noch wer mear gegevens en nammen krige troch dat ferhaal oer dy bûsdoek. Der binne noch in protte brieven fan dy Reintsje Postma út Amearika bewarre. Dêr skriuw ik noch wolris wat oer.]
Sipke Loonstra wie in soan fan Sytze Wybes Loonstra (1871-) en Anje Gerrits van Halen (1872-1953). Dizze Anje hie in broer Miente van Halen dy't troud wie mei Leentje Hendriks Nagel (1879-1949). Miente wie 'koopman in lappen en pakken' en wenne yn Surhuzum. Miente en Leentsje hienen 7 bern en ien dêrfan wie Ette Jan dy't my Frânsk leard hat en dy't dy grouwe sigaren smookte. Syn suster Etje wie troud mei Dirk Pietersma (1906-) in broer fan Liekele Pietersma (1904-1993). Liekele wie troud mei Martsje Cazemier (1908-1994) en harren soan Albert brocht Wobbe en Hiltsje by ús yn Kanada. Wobbe en Hiltsje wenje flakby de froegere winkel fan van Halen.
Jelle yn Kanada